Bynt fan 11 novimber 2015 17:20

It iis is klear, de redens skerp, woansdei 11 novimber is it safier: Bynt live yn de Elfstedenhal yn Ljouwert! De nije iishal fan Ljouwert is al sûnt sneon 26 septimber iepen foar publyk, mar no wurdt de Elfstedenhal offisjeel iepene.

Nij iis foar toerriders
Yn dizze spesjale útstjoering fan Bynt praat presintator Arjen de Boer mei Wiebe Wieling: hoe wichtich is de nije iishal foar de toerriders? En tinkt de foarsitter fan de Koninklijke Vereniging de Friesche Elfsteden dat wy in Alvestêdetocht krije yn 2016?

Fiif Alvestêdetochten, mar gjin winst
Ek nimt Alvestêdetochtheld Jan Roelof Kruithof ús mei nei syn maratonjierren. Njoggen kear hat er de alternative tocht wûn, mar dat soe er allegear opjaan om ien kear in echtenien te winnen.

Ferslach fan it iis
Ferslachjouwer Roelof Lousma hâldt ús op de hichte yn de iishal. Hy praat dêr ûnder oare mei Beinse Dykstra, direkteur fan it boubedriuw Dykstra-Draisma. Hy fertelt oer it ynnovative karakter fan de nije iisbaan.

De earste en de lêste Alvestêdetochtriders
Henk Angenent is ek te finen yn de iishal. Wat fynt de Alvestêdetochtwinner sels fan de hal? En in reportaazje mei Wim Weenk, de rider dy’t as lêste binnenkaam mei de Alvestêdetocht yn 1997.

Online
De live-útstjoering is ek online te folgjen fia www.omropfryslan.nl en de Omrop-app. De útstjoering wurdt fan 18.30 oere ôf alle oeren werhelle op Omrop Fryslân Televyzje.

BY11KO02

Sjoch hjir nei de skiednis fan de Ljouwerter iishal

BY11KO03

Wim Weenk wie yn 1997 de lêtste toerrider dy't op tiid binnen kaam

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)