Bynt fan 11 maart 2016 17:20

Bynt Sport op freed
It seizoen fan SC Hearrenfean driget as in nachtkears út te gean. Troch it ferlies fan ferline wykein tsjin FC Utrecht (0-4) steane de Feansters op it tolfde plak. Oft it seizoen dochs noch in kleurke krijt, beprate we jûn yn Bynt Sport. Boppedat sil it aventoer fan Gertjan Verbeek by VFL Bochum besprutsen wurden. De haadrolspiler sels sit nammentlik oan tafel. Dat jildt ek foar de twa sportsjoernalisten Gerard Bos (Friesch Dagblad) en Roelof de Vries (Omrop Fryslân).

Latje trappen
De spilers fan SC Hearrenfean kinne nei de resultaten fan de ôfrûne wiken wol wat positive enerzjy brûke. Dêrom ha wy noch ien kear Harry Vermeegen ynskeakele. Mei de hiele seleksje gie hy nei de training it fjild op foar in âlderwetsk potsje latje-trap. Raak sjitte is winne, misse is autokaikes ynleverje. Hokker spiler moat mei de Omrop Fryslân-trabant nei hûs?

En fierder?
Kinne wy fansels net sûnder Arjens Sportkwis. Dizze wike wurdt de fraach steld troch Cambuur-spits Martijn Barto. In tipke fan de sluier: it hat te krijen mei de wedstriid fan Cambuur dit wykein. De Kening fan Kongo kin ek net ûntbrekke yn Bynt Sport. Hy docht wer in ferrassende foarsizzing foar de wedstriid fan SC Hearrenfean tsjin koprinner PSV.

Latje trappen mei Harry Vermeegen

Latje trappen mei Harry Vermeegen

Arjens Sportkwis mei... Martijn Barto!

Arjens Sportkwis mei... Martijn Barto!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)