Bynt fan 11 jannewaris 2016 17:20

Famyljedrama’s: binne se foar te kommen?
Psycholooch Irma van Steijn fertelt oer de eftergrûn fan famyljedrama’s. Ofrûne wykein brocht in man út Sânhuzen syn 34-jierrige frou om it libben en die dêrnei himsels tekoart. Mar wêrom is it sa dreech om dit soarte drama’s foar te kommen? En wat kin de mienskip hjir oan dwaan?

Makket Jehannes 484 in kâns?
It is de fraach dy't leafhawwers fan it Fryske hynder in jier lang yn de besnijing hâldt: wat is de moaiste en bêste hynst fan de wrâld? Oan tafel Age Okkema, de winner fan ferline jier. Hy jout in foarútsjoch op de jierlikse hynstekeuringen fan kommende tongersdei.

‘Assistent van het talent’
Yn byld binne se hast net: de minsken dy't derfoar soargje dat sporters de top berikke kinne. Foar al dy frijwilligers is der no de titel 'Assistent van het talent'. Dizze nije priis wurdt útrikt op it Frysk Sportgala. Hjoed nominearret shorttracktalint Suzanne Schulting har trainer Kip Carpenter.

Grutte hit op de Amearikaanske hitlisten
Wol in hit yn Amearika mar net skoare yn Nederlân, hoe kin dit? Dit oerkomt Ljouwerter sjongeres Denise Rivera. Sy stiet mei har nûmer "A World Without You" tusken Adele en Justin Bieber yn de Amerikaanske hitlisten. Mar yn Nederlân fernimt se hjir neat fan.

BY11AP01

De earste nominaasje foar 'Assistent van het talent': Kip Carpenter

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)