Bynt fan 11 febrewaris 2016 17:20

Aventuriers op twa tsjillen
Alles efterlitte om de wrâld oer te fytsen, dat dogge je net samar. Jûn ha we twa aventuriers oan tafel dy’t dizze stap doarden te setten. Fotografe Marica van der Meer pakte twa jier lyn de fyts en sette ôf nei Australië. Snein presintearret se har boek. Geart Tigchelaar fam Damwâld moat noch. Hy makket him no klear foar de reis fan syn libben. Yn fjouwer jier de wrâld oer, ek op de fyts. In petear oer alles opjaan, dysels opnij útfine, en sealpine.

Vloggers
Dizze wike stelle wy alle dagen in Fryske Youtuber, ek wol ‘vlogger’ neamd, oan jo foar. Hjoed de lêste en jongste yn de rige; de 16-jierrige Danique fan Dokkum. Har kanaal is noch mar in pear moannen yn 'e loft, mar sy kin no al net mear sûnder.

Messi yn Minnertsgea
En yn Minnertsgea is it sneon in spesjale dei. Dan komt trompettist Omar Tomasoni, oftewol ‘de Messi fan de klassike muzyk’ nei it doarp foar in eksklusyf optreden mei de pleatslike fanfare. Jûn is er der ek al, om te repetearjen. Bynt is der live by.

BY11BP01

Vlogster Danique

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)