Bynt fan 11 desimber 2015 17:20

Bynt Sport op freed
In haadsponsor dy't ôfskied nimt, in demisjonêr bestjoer en in earste âlvetal dat net yn it linkerrychje stiet. De rêst is noch net werom by SC Hearrenfean. Jûn prate we deroer mei sportsjoernalisten Jaap Stalenburg (Helden), Marco Timmer (Voetbal International) en Albert van Keimpema (Fries Journaal).

Boppedat is ferslachjouwer Roelof de Vries yn it Abe Lenstra Stadion. Hy sil ús byprate oer Luuc Eisenga, de beëage nije algemien direkteur fan Hearrenfean. Ek wit Roelof mear oer it ôfheakjen fan haadsponsor Univé.

De middelfinger fan Joey
It soarge foar in soad opskuor dizze wike: de middelfinger fan Joey van den Berg nei âld-ploeggenoat Diederik Boer fan Ajax. Analist Gertjan Verbeek fûn dat it net koe, mar wat fine de manlju oan tafel derfan? En hoe binne de kânsen foar SC Cambuur en SC Hearrenfean dit wykein tsjin NEC en Excelsior?

Is dat alles?
Nee, fansels net! Wy hawwe ek noch de kwis én Bynt Sport giet langer troch op ynternet: www.omropfryslan.nl/bynt

BY11LO03

De kwis

BY11LO01

De middelfinger van Joey wie net de ienige...

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)