Bynt fan 11 desimber 2014 17:20

Schotanus-atlas
De histoaryske kaarten út de bekende Schotanus atlas hingje by in soad Friezen oan de muorre. No komt er, mits der genôch belangstelling is, in lúkse reproduksje fan de atlas. Foar de echte leafhawwers: der hinget wol een priiskaartsje oan fan 1375 euro. Histoarikus Sytze van der Veen is inisjatyfnimmer fan dit project.

Kleanbank
Jo kinne yn de kommende wiken by Omrop Fryslân yn aksje komme foar de Itensbank, mar Rinnie Leegsma set har al langer yn foar minsken mei mar in bytsje jild. Se hat in kleanbank opset yn Surhústerfean.

Sân Stêden
Ferslachjouwers fan Omrop Fryslân reizgje lâns sân stêden dy't har de kommende jierren ek Kulturele Haadstêd fan Europa neame meie. Hjoed is It Belgyske Mons oan de beurt, dat yn 2015 Kulturele Haadstêd is.

Hessel fan Skylge yn tv-searje
Hessel van der Kooij fan Skylge hat de ôfrûne wiken bysûndere gasten oer de flier hân yn syn kafee De Groene Weide. Fiif flechtlingen fertelden en songen oer harren emoasjonele reis nei Nederlân. De IKON makke der in TV-searje fan dy 't mei de krystdagen te sjen is.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)