Bynt fan 11 desimber 2013 18:30

Noch trije wike en dan is it âld en nij. Foar de minsken yn Raard sil dat in aparte jûn wurde. It is dan in jier ferlyn dat troch in bizar ûngelok harren wrâld op de kop kaam te stean. In automobiliste seach it freugdefjoer te let en ried op in groep minsken yn dy't op de trochgeande dyk stie te sjen. In ûngelok, wie ek de konklúzje fan it Iepenbier Ministearje. It hat in dreech jier west want yn in lyts doarp mei 230 ynwenners bin je of ferwûne of ha je holpen of kin je de slachtoffers en har famylje goed. Belutsenen ha it oer de krêft fan it doarp, mar ek oer hoe't de minsken noch altyd werstelle moatte.

Muzyk út in oar heitelân bringt ús dizze kear nei Fjetnam. Hien is 6 jier troud mei Anne út Snits, mar dêrfoar liet se wol harren famylje efter yn Fjetnam. Se mist se sa no en dan ôfgryslik, it sjongen fan ferskes yn har memmetaal helpt har troch slimme mominten hinne.

En mei Margreet de Graaf prate wy oer Sûnenz, in foar Nederlân unyk sintrum yn Drachten. It is der hielendal op rjochte om âlderein te helpen by it sûn en fitaal âlder wurden. Foaral no't de oerheid him hieltiid mear werom lukt en de sûnenssoarch ûnbetelber driget te wurden, liket dit inisjatyf in gouden greep. As minsken langer sterk en fitaal bliuwe, kinne se ek langer harsels rêde en brûke se minder faak djoere soarch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)