Bynt fan 11 april 2016 17:20

Misledigingen fuotbalwedstriid Fuotballer Sybren Bosma krige ôfrûne sneon mei in fuotbalwedstriid tsjin SC Leovardia (Ljouwert) in ferfelende opmerking. Bosma spilet by fuotbalklup WTOC (Aldwâld), en hat in hendikep oan syn rjochterearm. Jûn sit hy yn Bynt om dêroer te fertellen.

Reitse giet ynternasjonaal Sykje nei in stikje bûtenlân yn Fryslân. Reitse Spanninga giet ferskate kearen by bûtenlânske (hobby)koks yn Fryslân del en makket in gerjocht klear út dat lân. Dizze wike: de Bulgaarske keuken.

Jopie Huisman Teatermakker Kees Botman reizget mei in belibbingsteater troch Fryslân. Hy giet by ferskate soarchsintra del om âlderein ûnder te dompeljen yn de wrâld fan de skilder Jopie Huisman. Jûn fertelt Botman oer it doel dêrfan en sjogge wy by it fersoargingstehûs It Menniste Skil yn Boalsert.

Kiselo Resept

Fersoargingstehûs It Menniste skil yn Boalsert

Reitse yn de Bulgaarske keuken

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)