Bynt fan 11 april 2014 18:30

  • Bistedokter op Samos

Jûn sjogge wy by Fryske bistedokters dy't oan it wurk binne op it Grykse eilân Samos. Dêr hawwe se bot lêst fan ferwyldere hûnen en katten. In oplossing dêrfoar is de sterilisaasje en kastraasje fan de bisten. Ingrid Lewin en Diny Doedel binne twa fan dy bistedokters dy't de ôfrûne twa wiken yn in operaasjekeamer op Samos stien hawwe. Alle dagen wurde der tsientallen katten en ferwaarleaze hûnen by harren brocht.

Wa wurdt de Fryske ûndernimming fan 2014? Oankommende tiisdei sil dat bekend wurde yn de finale yn Harns. Ferline jier wie Steensma de winner. It bedriuw hat twa Fryske festigings, yn Ljouwert en Frjentsjer. We sochten direkteur Rimmert de Jong op om te sjen wat de titel brocht hat en of hy noch tips hat foar de nominearre bedriuwen fan dit jier.

It is it bêste seizoen út de skiednis fan SC Cambuur. Noch nea hat de klup safolle punten helle yn de earedyvyzje, en dat ek nochris mei goed fuotbal en in soad komplimenten. Mar dat sukses hat ek in oare kant. Der is no al in soad ynteresse yn de bêste spilers, wylst de jonges dy't hierd binne yn elts gefal werom gean nei harren eigen klup. Wy prate mei fêste gast Gerard Bos oer wat Cambuur allegear kwytrekket. Om wa giet it en wa moat der foar werom komme?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)