Bynt fan 10 septimber 2015 17:20

De lêste wurkdei fan Wouter de Vries
Jierrenlang wie hy ít gesicht fan de plysje yn Fryslân. Wurdfierder Wouter de Vries nimt hjoed ôfskied fan de plysje. Op syn lêste wurkdei skoot hy oan yn Bynt.

Knokke
Programmamakker Janko Krist makke in dokumintêre oer twa kickboksers út Ljouwert. In toptalint, en in jonge dy’t werom knokt fan in blessuere. Hoe makkest der in moai ferhaal fan?

Bynt yn de provinsje
Bynt is fansels de namme fan in programma by Omrop Fryslân. Mar it is in namme dy't wiidweidich troch de provinsje yn brûk is. Sa binne wy hjoed mei Bynt op besite by sûnenssintrum It Bynt yn Kollumersweach.

Ofrûne moanne yn de media
Saakkundiche op it mêd fan de media Wytze Visser hat foar ús ôfrûne moanne goed nei it nijs sjoen. Wat sprong der by him allegear yn it each? Wa binne de persoan en de gebeurtenis fan de moanne?

BY10IO05

It Bynt yn Kollumersweach

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)