Bynt fan 10 oktober 2014 17:20

Epke wer wrâldkampioen?
Kommende snein is it safier. Dan kin Epke Zonderland op 'e nij wrâldkampioen wurde. Yn it Sineeske Nanning sil hy de striid oangean mei thúsfavoriet Chenglong Zhang. Yn Bynt prate wy oer de kânsen fan Epke mei turncoach Tjalling van den Berg.

Myn Klup: VV De Monnik
Alle freeds gean wy yn Bynt Sport op besite by in Fryske sportklup. Dêr gean wy op syk nei it klupgefoel, en nei de bining dy't minsken by harren klup fiele. Dizze wike nimme wy de boat nei it moaie Skiermûntseach. Dêr fuotbalje de mannen fan VV De Monnik.

It nije stadion fan Cambuur
Neffens algemien direkteur Gerald van den Belt hat SC Cambuur in nij stadion nedich. Mar wêr moat dat dan komme? Wurdt der ferhuze nei in oare lokaasje, bygelyks by it WTC of de Werpsterhoek? Miskien wol nijbou op de hjoeddeistige lokaasje? Of wurdt der dochs foar in fernijbou keazen? Wy prate der oer mei de foarsitter fan Cambuur, Ype Smid, en ús eigen Cambuurwatcher Geert van Tuinen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)