Bynt fan 10 novimber 2014 17:20

Nasjonale betinking MH17
Hjoed wie de nasjonale betinking fan de ramp mei flecht MH17. It tastel stoarte ôfrûne simmer yn it easten fan Oekraïne del, en 298 minsken kamen derby om it libben. By ús skoot jûn Peter de Haan oan. Hy hat foar de organisaasje OVSE nei Oekraïne west, om der ta te sjen op de earlikens fan de ferkiezings. Mei him sille wy prate oer de betinking, en ek hoe't de minsken yn de Oekraïne der tsjinoer steane...

Terpen yn Fryslân
De terpen yn Fryslân binne net samar oanlein om oan it hege wetter te ûntsnappen. Se binne nammentlik boud yn oerienkomst mei de ferskate stjerrebylden. Dat is alteast de miening fan wittenskipper Emiel Amsterdam. Mei syn idee hat skriuwster Henriëtte Hemmink in spannend boek skreaun. Amsterdam fertelt jûn hoe't hy op dit idee kaam is en wêrom't hy tinkt dat syn teory wolris wier wêze kin...

Frijwilligers yn ús provinsje
Dizze wike portrettearje wy elke dei in frijwilliger yn ús provinsje. Hy of sy set him of har yn foar in spesjaal doel. Hjoed sjogge wy by Andries Dijkstra, hy is frijwilliger by It Fryske Gea.

Talint foar Fryslân
Mei subsydzjes wol de provinsje Fryslân talint foar de regio behâlde. It is it twadde jier dat dizze regeling tapast wurdt. Fryske wurkjouwers kinne sa finansjele stipe krije om, foar in jier, in talint yn tsjinst te nimmen. Welmoed Breukelman is sa'n saneamde trainee, en sy leit út hoe't it har holpen hat yn har karriêre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)