Bynt fan 10 maart 2014 18:30

Yn Fryslân wurdt hjoed flink neipraat oer de rellen by Ajax-Cambuur. Nei oankomst fan de Cambuur-supporters by de ArenA rûn it snein folslein út de hân. In grutte groep supporters waard net talitten yn it stadion foar de wedstriid. Wat is der krekt misgien? Wêrom hat de gemeente Amsterdam de wedstriid net as 'risikowedstriid' bestimpele? We prate ûnder oaren mei Ype Smid, foarsitter fan Cambuur. Hy wie der sels by yn Amsterdam.

Nije wike binne de gemeenteriedsferkiezings. Bynt sjocht dizze wike foarút mei Rieks Osinga, hy is bestjoerskundige en dosint oan de Thorbecke Akademie. Wat in soad minsken net witte is, dat it net iens sa moeilijk is om in politieke partij op te rjochtsjen. Fjouwer jier lyn diene in pear studinten dat yn Ljouwert - en ferdomd - it skeelde mar in hier of se hiene in sit krigen yn de ried. Student 058 regele Anneke Douma as 'lijstduwer' en hat miskyn in heal jier bestien. Mar net foar neat.

It is skitterend maaitiidswaar. En wat is der dan moaier as lekker yn de tún oan de gong? Dat dogge wy dan ek. Miranda is wer by Aat Oosenbrug yn de Bynt-tún en se wurdt troch Aat flink oan it wurk set. Of is it oarsom?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)