Bynt fan 10 maaie 2016 17:20

Hoe komt it mei Douwe Bob op it Songfestival?
Jûn stiet Douwe Bob foar Nederlân yn de heale finale fan it Eurovisie Songfestival. En it songfestival soe it songfestival net wêze, as der net allegear reltsjes en opskuor wêze soe. Afke Boven praat ús by oer it lêste nijs, én oer de Fryske ynput by dit optreden.

De mem fan Grutte Pier
Yn ús rige oer it Boerinnekoar fan Grutte Pier, binne we jûn by ien fan de froulju thús. De koarleden krigen de opdracht om as memmen fan Grutte Pier - want dy rol spylje se yn it stik, in brief te skriuwen oan harren soan.

De molkboer ferdwynt
Yn it tiid dat de grientepakketten en boadskippebesoarchtsjinsten hieltyd mear terrein winne, is de molkboer in útstjerrend berop. Joop Zwaagstra fan Dokkum hâldt op mei syn SRV-wein, en wy mochten mei op ien fan syn lêste sutelrûntsjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)