Bynt fan 10 juny 2016 17:20

Bynt Sport op freed
De alderlêste Bynt Sport stiet folslein yn it ramt fan de Paralympyske Spelen yn Rio de Janeiro. Fan 7 oant 'e mei 18 septimber komme de beste paralympyske sporters út hiel de wrâld yn Brazilië yn aksje. We prate der oer mei trije Fryske sporters, dy't allegear (sa goed as wis) útkomme sille op de Spelen. Nammentlik hurdfytster Alyda Norbruis fan Oerterp, fuotballer Stefan Boersma fan De Jouwer en amazône Rixt van der Horst fan Grou.

Olivier van de Horst
Fierder sjogge we yn Amersfoort by Olivier van de Voort. De 18-jierrige swimmer komt fan Elslo, mar wennet no yn Amersfoort om't de paralympyske ploech dêr traint. Yn 2009 ferlear Van de Voort mei in tragysk ûngelok syn ûnderskonk. No, sân jier letter, heart de Fries by de beste paralympyske swimmers fan de wrâld. Van de Voort giet foar de gouden medalje op de 100 meter rêchslach, mar hy komt ek yn aksje op de 100 meter frije slach, de 200 meter wikselslach en de 400 meter frije slach. We sochten him op yn it swimbad yn Amersfoort.

En fierder?
Docht de Kening fan Kongo in foarsizzing. Hjoed net oer de sport, mar... oer syn eigen takomst! Yn Arjens Sportkwis kinne jo de echte Kening fan Kongobal winne en boppedat krije jo der in offisjele 'Foppe Bedankt'-sjaal by. Wolle jo dêr kâns op meitsje? Stjoer dan in mailtsje nei bynt@omropfryslan.nl!

Op besite by Olivier van de Voort yn Amersfoort

Arjens Sportkwis

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)