Bynt fan 10 febrewaris 2014 18:30

Yn Bynt hjoed rom omtinken foar de Olympyske Spelen. We prate nei mei Sjinkie Knegt oer syn útskeakeling hjoed op de 1500 meter shorttrack. En: al it spektakel yn Sotsji wurdt wiidweidich yn byld brocht troch de NOS. Dat is fansels in hiele put. Eric Pronk fan Frjentsjer is 'operationeel productieleider' by de NOS. Hy is ferantwurdlik foar it oanstjoeren fan de technisy. Us ferslachjouwer Roelof de Vries socht him op yn Sotsji.

Bynt giet yn dizze wike fan Valentijn op syk nei de wiere leafde. Bestiet soks en wat is dat dan? Ien op de trije houliken rint stikken. Mar twa fan de trije  rêde it dus op. Wat is it geheim? Hjoed: mei leafde kin je net jong genôch begjinne. Miranda Werkman bepraat yn it boarterslokaal fan De Skeakel yn Seisbierrum hoe't it stiet mei it leafdeslibben fan de jongste groepen. Sa is Wietse fereale op Rixt. Mar soks kin ek wer feroarje.

En by 'Frysk ierdewurk' tinke wy al gau oan Hylpen of Makkum. Mar it Harnzer Ierdewurk-en Tegelfabryk is it âldste ierdewurkfabryk yn Fryslân. No moat der yn it fabryk in nij belibbingssintrum komme. Minsken moatte yn it gebou nei binnen rinne kinne en ûnderfine hoe't ierdewurk makke wurdt. Martin Cnossen is as spesjale ferslachjouwer op besite yn Harns. Hy is as direkteur fan Stichting Doarp en Bedriuw Fryslân in grut foarstanner fan it iepenstellen en kreatyf brûken fan âlde gebouwen mei in grutte kulturele wearde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)