Bynt fan 10 desimber 2014 17:20

Bynt-spesjal: wynmûnen
Fryslân rekket mar net útpraat oer de wynmûnen. Komme se der no wol of net, en wêr dan? Op it lân of yn see? Oer presys in wike sille wy it hearre want dan nimme de Provinsjale Steaten nei alle gedachten in definityf beslút. Dêrom organisearje wy yn Bynt in debat tusken foar- en tsjinstanners fan wynmûnen.

Anne de Groot is direkteur fan Ventolines, in bedriuw dat in grut wynmûnepark yn it Iselmar bouwe wol. Alie Talhout fan wurkgroep Don Quichot sjocht dat hielendal net sitten. Fierder is Siebren Visser fan Burchwert te gast. Foar him komt de diskusje wol hiel tichtby: hy hat al 18 jier in wynmûne neist syn hûs stean.

Ek skoot bestjoerskundige Rieks Osinga oan. Wat ferwachtet hy fan it beslút fan PS nije wike? En hie der net al folle earder in beslút oer de wynmûnen falle moatten? Osinga giet yn petear mei Hans van der Werf, direkteur fan de Fryske Miljeufederaasje.

Bynt is der wer om tweintich oer fiven. Mei Roelof Lousma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)