Bynt fan 10 desimber 2013 18:30

50 jier as feehanneler levere Bonne Speerstra in skat oan moaie ferhalen en oantinkens op. Hy skreau se op yn it boek 'Oer twa brêgen'. Wy gongen mei him werom nei it plak dêr't it allegear barde, de Ljouwerter feemerk. Yn de rige prate wy mei Danijel Dizdarevic. Hy wennet yn Fryslân, mar as er muzyk heart út syn oare heitelân Bosnië, is hy wer eefkes werom op de plakken út syn jeugd. En: as je in foto op Facebook sette, wat bart der dan mei? Ynternet-ekspert Schelte Meinsma wit alles oer privacy op ynternet. Yn Bynt jout er jûn tips oer hoe't jo je persoanlike gegevens it bêste beskermje kinne.

Dat en mear, jûn yn Bynt. Mei Roelof Lousma.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)