Bynt fan 1 oktober 2015 17:20

De saak Prader-Willi
Yn Fryslân wurdt hjoed it nijs behearske troch it Prader-Willi Hûs yn Mûnein. Personiel en âld-meiwurkers beskuldigje de direkteur fan mishanneling en yntimidaasje fan kliïnten. Oan tafel yn Bynt in heit mei in dochter yn it Prader-Willi Hûs. Hy leaut neat fan de beskuldigingen.

Froulju as kij yn ‘e greide
Keunstner Joris Collier fielt dat der te min kij yn de greide stean. Hy hat der in hiel bysûndere oplossing foar. Hy wol nammentlik froulju, dy’t beskildere binne as kij, yn de greide delsette.

De bisteopfang fan Norma
Op in moaie simmerdei yn juny stoart de wrâld fan Norma Miedema yn. Har libbenswurk, de bisteopfang Norma 's Universum, brânt folslein ôf. Hoe no fierder? Ferslachjouwer Janko Krist folge Norma de lêste moannen op 'e foet.

Skriuwster en Fries om utens Rudi Wester
De langstme nei Fryslân, in soad Friezen om utens lije der ûnder. Sa ek skriuwster Rudi Wester. Se is berne yn Ljouwert en jierrenlang literêr kritikus by ûnder oaren Trouw, Vrij Nederland en Opzij.

BY01JO01

Wêr sil Norma Miedema hinne?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)