Bynt fan 1 oktober 2014 17:20

  • Wurk fan Gerrit Benner

Idols fan de earste oere
Hoe is it de Idols-dielnimmers fan de earste oere de lêste jierren fergien? Dat is sneon te sjen yn de dokumintêre 'U kunt nog stemmen' fan de NTR. Dewi wie ien fan dy earste Idolsstjerren, en fertelt jûn hoe't it har fergien is...

Bern op sosjale media
Whatsapp, Twitter, Instagram, Facebook. Bern sitte it leafst de hiele dei op sosjale media om harren kontakten by te hâlden. En dat is foar in protte âlden ien fan de grutste útdagings yn de opfieding. Want kontrolearje jo jo bern? Litte jo it mar gewurde? Mediacoach Evelyn Verburgh fertelt wat âlden it bêste dwaan kinne.

Op paad mei de diere-ambulânse
Bynt giet yn de wike foar dieredei op paad mei de diereambulânse yn Súdeast Fryslân. Hoe giet dat no, wat komme je allegear tsjin as frijwilliger? En hoe kinsto de bistjes it bêste helpe?

Stjoer ús in filmke fan dy mei dyn húsbist. De leukste ynstjoering wurdt beleanne mei in ferwenpakket foar it bistje (ôfhinklik fan de winner, in hynder krijt wat oars as in kavia fansels).

Skilder Gerrit Benner
Foar it earst yn fyftich jier is der wer in grutte tentoanstelling fan de Fryske keunstskilder Gerrit Benner te sjen. Doeke Sijens dûkte yn it libbensferhaal fan Benner en kaam in pear bysûndere ferrassingen tsjin. Omrop Fryslân makke der in FryslânDOK oer, en Doeke skoot jûn oan yn Bynt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)