Bynt fan 1 oktober 2013

Oan tafel fan Bynt fan ‘ e jûn twa moaie mannen. Dizze Fryske mannen dogge no freed mei oan de Elite Model Look. Dit modellenburo kiest dit jier foar it earst in manlik topmodel en dizze twa Ljouwerters hearre no by de 10 finalisten.
As fêste gast hjoed foar it earst Geesje Duursma. Sy is horeka-ûndernimmer yn Burgum en fertelt oan de hân fan foarbylden hoe’ t de omgong is mei klanten.

Bynt fan 18.30 oere ôf elk oere by Omrop Fryslân Televyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)