Bynt fan 1 maart 2016 17:20

Komplimintedei
Witsto net hoe’st in komplimintsje jaan moast? Dan hast hjoed in probleem, want it is ynternasjonale komplimintedei. ‘Weerbaarheidscoach’ Elbrecht Claus skoot jûn oan yn Bynt. Sy leit net allinnich út hoe’st in komplimint joust, mar ek hoe’st der op reagearje moatst.

Bou termometer
Hoe stiet it derfoar mei de Fryske bouwrâld? Marten Cornel fan Bouwend Nederland jout syn sifer.

Bunkers op Skylge
Skylge wie yn de Twadde Wrâldoarloch fan grut strategysk belang foar de Dútsers. Dêrom binne der op dit eilân in soad bunkers te finen, wêrûnder de njoggentich bunkers fan de Tigerstelling. Yn Bynt sjogge wy dizze wike yn fjouwer fan sokke bunkers.

Film Skinny Love
In film oer jaloezy, diskriminaasje en pesten. De film Skinny Love is alles útsein luchtich. Op 10 maart is de premjêre en dy is al útferkocht. Filmmakker Rick de Groot is achttjin jier en fertelt yn Bynt hoe’t hy dizze film makke hat.

BY01CP04

Bunkers op Skylge

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)