Bynt fan 1 febrewaris 2016 17:20

Soarch oer folkssûnens troch REC
Húsdokter Jan Waling Huisman fan Harns hat soarch oer de folkssûnens troch de útstjit fan de ôffaloven REC yn Harns. De reststoffe-enerzjysintrale hat in ferhege dioksine-útstjit en dat is gefaarlik foar minsken. Nei oanlieding dêrfan beslút de provinsje moarn oft der maatregels naam wurde moatte tsjin de ôffaloven.

Reade, pearse en rôze jirpels
De kleure jirpels fan it jirpelbedriuw HZPC meitsje kâns op in Europeeske priis: de Fruit Logistica Innovation Award. Dizze ‘Perupas-jirpels’ komme oarspronklik út it Andesgebergte yn Perû. Robert Graveman is de man dy’t se nei Fryslân brocht hat. Soene se no ek oars smeitsje? En binne se sûner as gewoane jirpels?

Foar it twadde jier: gjin aaisykjen
It waar hat al wer temperatueren oannaam fan de betide maitiid, mar foar de aaisikers is de kjeld noch lang net fan 'e loft. Ek dit jier meie se net it fjild yn. Ferline jier makke Bynt in searje oer de stilte yn it lân sûnder aaisikers, alle reden om dêr nochris nei te sjen.

‘Date while you wait’
Yn kontakt komme mei ûnbekenden mei it wachtsjen op de bus of trein, dat is de ynstek fan ‘Date while you wait’. Annemarie Lindeboom hat dit twa wike lyn besocht mei in spultsje ‘vier-op-een-rij’ op it treinstasjon yn Ljouwert. Sy fynt dat wy troch ‘sosjale’ media krekt net sosjaal mear binne.

BY01BP03

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)