Bynt fan 1 desimber 2015 17:20

De postrinner as wykferkenner
Hy wurdt wol de ‘eagen en earen’ fan Warkum neamd. Bennie Wesselius is dêr nammentlik postrinner. Wat fynt hy fan it plan dat hy, neist it rûnbringen fan 'e post, no mooglik ek foar wykferkenner spylje moat?

Fryske ekonomy: hoe giet it mei it toerisme?
Bynt stekt jûn de termometer wer yn de Fryske ekonomy. Dat dogge wy mei Petra Ellens fan de Recron, de organisaasje foar toerisme en rekreaasje. Yn dy sektor giet yn Fryslân elk jier in miljard euro om. Mar hoe stiet it der op dit stuit foar mei it toerisme?

100 jier âld, en dan?
Twa wrâldoarloggen, de earste minsk op de moanne en de opkomst fan de digitale wrâld: de 100-plussers ha it allegearre meimakke. Wiene je eartiids al âld as je de 90 hellen, hjoed-de-dei is 100 wurde gjin útsûndering. Dizze wike yn BYNT fjouwer portretten fan fjouwer 100-plussers. Jûn Hiske Werkhoven fan 102 jier âld.

Hoe komt it mei it miljeu?
'It miljeuprobleem wurdt in ynternasjonale kompetysje om sa duorsum mooglik te wêzen.' Dizze hoopfolle útspraak komt fan klimaatprofessor Pier Vellinga. Hy leit út wêr't syn hoop wei komt, no’t de hiele wrâld nei de klimaattop yn Parys sjocht.

BY01LO05

Hinke Werkhoven is 102 jier âld

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)