Buro de Vries fan snein 19 maaie 2013

  • Spiler wurdt laden

Ek yn dizze Buro de Vries wer in soad ferskaat. In petear mei professor Herman de Boer, geastlik heit fan 'Stier Herman'; in deiboek skreaun yn wurkkamp Yde yn 1944; gelokkich troch it omseagjen fan in beam; Yn Memoriam; Nyk de Vries; de kollum fan Carolien Roodvoets en it Buro op skoalreiske.

Skoalreiske yn 'e natoer

Skoalreiskes, it is der de tiid wer foar. Pretparken binne favoryt by de bern. Guon skoallen meitsje hiel bewust de kar foar in oar skoalreiske, se gean mei de bern oan 'e slach yn 'e natoer. De Natuurschool organisearret al 25 jier dit soarte fan skoalreiskes. It Buro seach dizze wike yn Lauwerseach. Bern fan de Uniaskoalle fan Wurdum kamen dêr krekt fan it Waad.

YM

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Roelofke Zijlstra.

Deiboek fan wurkkamp Yde

Eelke Dijkstra fan Burgum siet yn 1944 yn in wurkkamp yn Yde (Drinte). Hy hold in deiboek by. Syn pakesizzer Erik Dijkstra hat it deiboek publisearre op ynternet, en der in tentoanstelling omhinne makke. Yn it gebou dêr't syn pake doe ferbleau: it hjoeddeistige doarpshûs fan Yde.
De tentoanstelling is kommende sneontemiddei, 25 maaie, te sjen. Sjoch foar it folsleine deiboek op de website www.werkkampyde.nl

Underweis 1666

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Fan 'e moarn is hy yn Balk. In petear oer hoe gelokkich je wurde kinne fan it omseagjen fan in beam.

Kollum

De wyklikse kollum komt hjoed fan relaasjeterapeute Carolien Roodvoets: 'back to her roots'.

'Heit fan de biotechnology'

De geboarte fan "Stier Herman" wie yn 1990 in wrâldprimeur. Mar Stier Herman brocht tagelyk in grutte maatskiplike diskusje op gong. Yn it DNA fan Herman wie in stikje minsklik DNA boud, wêrtroch de froulike neikommelingen molke produseare soene mei in beskermjend aaiwyt dat yn memmemolke sit.

Hoe siet it ek al wer mei dizze ferneamde bolle? We rieden nei Easterwâlde. Dêr wennet prof. Herman de Boer. Hy is de man dy't de bolle Herman fokt hat. In boeresoan út Fryslân dy't bekend stiet as dé 'heit fan de Nederlânske biotechnology'.

Minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsje fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: Taart.
http://www.nykdev.nl/

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)