Buro de Vries fan 9 septimber 2012

  • Spiler wurdt laden

Buro leit dizze simmer oan by de lytse eilantsjes yn de binnenwetters fan ús provinsje, lykas yn de Swarte Brekken. Ut ús argyf komt de detektivesearje Thomas Taktyk. Hjoed it slot fan 'Goud op it Oerd'. Sjouke Lousma is wer ûnderweis en Cor Waringa fersoarget de rubryk YM.

Nei tolven wer in bydrage fan ús kollega's yn Sweden. Op harren rûnreis by Fryske emigranten del, binne se oankommen yn it kustplakje Orskarhamn. Hjir wenje Wim en Monique Liethof. Wim wie earder húsarts yn Harns. Hy wurket no by de sûnenstsjinst fan it Scania-fabryk yn Oskarshamn.

Wim en Monique Liethof

Wim en Monique Liethof hiene earder in húsdokterspraktyk yn Harns. Tsien jier ha se ek yn Oskarshamn in praktyk hân en doe waard Wim frege om by de medyske tsjinst fan Scania te kommen.

Nei de lunch mei smörgastatorta hat Wim in rûnlieding regele troch it fabryk. Wim stelt ús foar oan de meiwurkers fan it sûnenssintrum. It wurk yn it fabryk is net altyd maklik, wurknimmers kinne stress erfare en bepaald wurk is swier. De ferhâlding man - frou is twa tredde - ien tredde. Hoe hâlde se de meiwurkers sa fit mooglik en wat moat der dien wurde om in sike meiwurker wer oan de slach te krijen? Dêr giet it om en Wim docht sels ûndersyk nei it makliker reyntegrearjen fan útfallen meiwurkers. Yn oparbeidzjen mei de universiteit yn Uppsala ûntwikkelje se in nije manier fan wurkjen.

Jûns ite we mei de famylje en prate mei Monique oer har wurk. Se werft minsken yn Nederlân en België foar de arbeidsmerk yn Sweden. Har wurk stiet no op in sacht pitsje omdat Monique behannele wurdt tsjin boarstkanker. Fierder sjongt se by in koar, "daar word ik juist nu weer een beetje vrolijk van".

Jan Rip fynt rêst op syn eilân

Foar de lêste kear stappe wy yn in boatsje en farre nei in eilantsje yn de binnenwetters fan Fryslân. Jan Rip nimt ús mei nei syn karavan op in eilân yn de Swarte Brekken.

YM

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed Tine Oenema

Thomas Taktyk (slot)

Bin jo ek sa benijd wa't de moard op It Amelân dien hat? Hjoed hearre we de ûntknoping fan "Goud op it Oerd", de radio-misdiedsearje dy't it Buro dizze simmer útstjoert. Resersjeur Thomas Taktyk hat yn syn fakânsje op It Amelân te krijen mei in nuvere moardsaak. Op de boat nei Holwert hawwe Taktyk en Jansonius twa Amsterdammers ynrekkene. Mar se troffen dêr ek Grytsje Beintema, dy't yn it ferline ferkearing mei it slachtoffer hie.

Underweis ôflevering 1632

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Fan 'e moarn treft hy twa muskusrattefangers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)