Buro de Vries fan 9 oktober 2016 11:00

  • Spiler wurdt laden
  • Gerrit Breteler en Doet Boersma yn it Fries Museum by de Alma Tadema tentoanstelling
  • Jan Smittenberg
  • Kampearre yn de Noarse bergen, echte wyldernis neffens Remco de Vries
  • Bouke Yntema

Hoe de 'Oude Willem' ferwylderje sil * Mei Doet Boersma en Gerrit Breteler nei Alma Tadema * YM Bouke Yntema * Jan Smittenberg fynt sportfiskjen ûnbegryplik * Nijsfoarum

Hoe de 'Oude Willem' ferwylderje sil

  • Jûn yn de Oude Willem

Yn de takomst wol it Drents-Friese Wold jo en my in wyldernis-erfaring jaan. In wyldernis-ûnderfining, wit jo dan wat der bedoeld wurdt? Neffens boskwachter Corné Joziasse is dat it gefoel dat je yn in hiel grut gebiet stean. No is it Drents-Friese Wold al it grutste oaniensletten boskgebiet fan Nederlân. Mar der is noch ien lyts lânbou-stik: De Oude Willem. Dat sil no oars. Hoe't dat stik lânbougrûn ferwylderje sil, leit Joziasse út. Hy komt earst noch efkes werom op Remco syn ûnderfinings fan ferline wike, doe't hy nachts yn de bosk noch net echt in wyldernisgefoel krige.

Mei Gerrit en Doet nei Alma Tadema

  • Gerrit Breteler en Doet Boersma yn it Fries Museum by de Alma Tadema tentoanstelling
  • Gerrit Breteler en Doet Boersma yn it Fries Museum by de Alma Tadema tentoanstelling

Ferline wykein iepene yn it Fries Museum in tentoanstelling mei skilderijen fan Alma Tadema. It sil je net ûntgean wêze, de tentoanstelling hat al in soad nasjonale en ynternasjonale parse lutsen. Lourens Alma Tadema wie in ferneamd keunstskilder, twadde helte fan de 19e iuw. Hy wenne doe yn Londen. Tadema waard berne yn Dronryp en siet yn Ljouwert op skoalle. Syn skilderijen, tige romantysk en mei in grut each foar detail, binne hjoed-de-dei in kapitaal wurdich. Mei de skilders Doet Boersma en Gerrit Breteler seagen wy yn it Fries Museum.

http://www.friesmuseum.nl/alma-tadema
http://www.doetboersma.nl/Site/HOME.html
http://www.gerritbreteler.nl/

YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Bouke Yntema.

Sportfiskjen is it marteljen fan fisken, ûnbegryplik fynt Smittenberg

"In ons beschaafde land is het kwellen van dieren zoals katten, konijnen, stieren, hanen bij wet verboden. Maar sportvissen is wel toegestaan en wordt zelfs aangeprezen. Het moet niet gekker worden!" Dat skriuwt Jan Smittenberg fan Grou fan 'e wike yn in ynsjoerd stik yn de Ljouwerter Krante. Foar it Buro set hy syn argeminten nochris op in rychje.

11:08 - Doobie Brothers - Long Train Running
11:22 - Adele - Send My Love (To Your New Lover)
11:39 - Barry Gibb - In The Now
11:50 - Daniel Lohues - Op 't Platteland
12:10 - Charlie Puth - One Call Away
12:16 - Gabrielle - Rise
12:52 - Die Twa - Famke Fan Myn Dreamen

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)