Buro de Vries fan 9 novimber 2014 11:00

  • Spiler wurdt laden

*'de eetbare stad'* *dûmny Alex van Ligten oer syn boek 'Vertalen van verdriet'* *kollum Bart Kingma* *yn Memoriam troch Cor Waringa* *Sjouke Lousma is ûnderweis* *filmmuzyk fan Cees Bylstra*

Stedslânbou de takomst?

We soene wer tichter by ús eigen iten komme moatte. Dat is better foar ús sels, foar it miljeu en foar de mienskip. Dat is de gedachte efter de 'Eetbare stad', in projekt fan de gemeente Ljouwert dat ek ynternasjonaal omtinken krijt. Fan 'e wike wiene sa'n 150 nasjonale en ynternasjonale wittenskippers yn de stêd by it ynstitút Van Hall Larenstein. Op makro-nivo gie it oer it produsearen fan iten foar ynwenners fan miljoenestêden: op platte dakken, yn parken en lâns rivieren. Op mikro-nivo gie it konkreet oer it Potmarge-gebiet yn Ljouwert en wat dêr allegear barre kin op it mêd fan stedslânbou. Wy fan it Buro lieten ús byprate troch lânskipsarsjitekt en lektor Rob Roggema, en syn kollega's ....

Yn Memoriam: Skelte van der Meij

Cor Waringa betinkt Skelte van der Meij.

Alex van Ligten oer syn boek 'Vertalen van verdriet'

  • It boek 'Vertalen van verdriet'

Yn oktober ferline jier die Gideon van Ligten, 38 jier, himsels te koart. Foar alle neisten in klap by heldere himel, net ien hie dit oankommen sjoen. Syn heit, dûmny Alex van Ligten sloech oan it oersetten fan it bibelboek Richteren. Ien fan de Bibelske richteren is Gideon. It waard in mentale reis oer de Bibelske Gideon en oar soan Gideon en úteinlik resultearre it yn in boek "Vertalen van Verdriet".

Sjouke Lousma is ûnderweis

Sjouke Lousma is ûnderweis yn Fryslân en praat mei minsken dy't er tsjinkomt. Hjoed mei in man dy't sit te fiskjen.

Kollum fan Bart Kingma

Kollumnist Bart Kingma oer de guozzen yn it Lauwersmargebiet en de asylsikers yn Riis.

Muzyk fan de Fryske komponist Cees Bylstra

  • Pieter Verhoeff

Op it Noardlik Filmfestival dit wykein is in dokumintêre oer Cees Bylstra fertoand. Cees Bylstra ferstoar hommels yn 2004. Hy wie in kollega fan ús. Mar hy wie foaral komponist. De muzyk by de films fan regisseur Pieter Verhoef kaam steefêst fan Cees Bylstra. Pieter Verhoef hat dan ek de dokumintêre oer de komponist makke. It ferskinen fan de dokumintêre like ús in moaie gelegenheid om ris in muzykstik fan de hân fan Cees Bylstra hearre te litten. We begjinne mei muzyk út de film de Dream út 1985. De earste Frysktalige spylfilm oer de saak Hogerhuis.

Muzyk fan Cees Bylstra op de Nederlandse Filmdagen yn Utert (2002)

Op it Noardlik Filmfestival dit wykein is in dokumintêre oer Cees Bylstra fertoand. Cees Bylstra ferstoar hommels yn 2004. Hy wie in kollega fan ús mar hy wie foaral komponist. Foar filmregisseur Pieter Verhoeff skreau hy de muzyk foar hast al syn films. Sa as de Dream, De langste reis en Nynke.
De muzyk dy't Cees Bylstra makke krige nasjonaal en ynternasjonaal in soad wurdearring. Yn 1986 wûn hy mei de muzyk foar de Dream de priis foar de bêste filmmuzyk op in festival yn it Tsjechyske Karlovy Vary en yn 1995 krige hy foar de Vuurtoren in spesjale nominaasje foar de muzyk op in filmfestival yn Nice. De film Nynke út 2001 krige meardere ûnderskiedings yn binnen- en bûtenlân.
De kommende 40 minuten harkje we nei in registraasje fan it konsert dat op de Nederlânske Fimdagen yn 2002 útfierd is yn de Stedsskouboarch yn Utrecht. De muzyk fan Cees Bylstra stie sintraal op fersyk fan Pieter Verhoeff. It waard útfierd troch it Nederlânsk Promenade Orkest ûnder lieding fan Jurre Haanstra. De jûn waard presentearre troch Marian Mudder.

12:45 - Culture Club - Karma Chameleon

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)