Buro de Vries fan 9 febrewaris 2014, 11:00

  • Spiler wurdt laden

Ha jo op- en/of oanmerkings op dizze útstjoerings, of in goeie tip foar it Buro? We hearre it graach. Mail nei burodevries@omropfryslan.nl

'Wat besielt har no, om sa'n ûnnuansearre útspraak te dwaan'

Provinsjale Steaten fan Fryslân ha op 22 jannewaris Fryslân 'gentechvrij' ferklearre, dit op inisjatyf fan GrienLinks. It hâldt yn dat de provinsje har útsprekt tsjin de bou fan genetysk modifisjearre planten op proeffjilden en op de kommersjele bou fan bygelyks jirappels. Wat betsjut dit foar de ierappelkwekers yn Fryslân. Stiet dit beslút heaks op ynnovaasje, de ferbettering, fan de ierappelrassen.
Ir. Rindert Dankert fynt fan wol. Hy is ferbûn oan it Van Hall Instituut en jout les yn feredeling en resistinsjetechniken.

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Tjitske Oosterbaan.

It wurdt gewoan hiel spannend om dit goed te dwaan'

Sûnt in goeie wike is Sjoerd Feitsma oan it wurk as de nije kultuer-wethâlder fan Ljouwert. Dêrmei koördinearret hy ek de marsrûte nei 2018, as Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Europa is. Wa is dizze 36-jierrige Ljouwerter en wat is syn kulturele aginda foar de stêd? It Buro socht it út.

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Fan 'e moarn is Sjouke yn de einekoai fan Piaam.

De miening fan ... Bert Looper

Alle sneinen yn it Buro in kollum. Hjoed fan Bert Looper, direkteur fan Tresoar yn Ljouwert. www.tresoar.nl

It nijsfoarum

Wat wist Plasterk? Ien Frysk mediasintrum? en fansels de Olympische Spelen. It nijs stiet net stil. Ien kear yn 'e moanne skoot it 'nijsfoarum' oan by it Buro.

De minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsjes fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: Sweedske meubelgigant.
http://www.nykdev.nl/

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)