Buro de Vries fan 9 desimber 2012

  • Spiler wurdt laden

Even stil stean by de bern dy't der net mear binne. It is hjoed 'wereldlichtjesdag'. Ek yn Fryslân is hjir omtinken foar.
Sjouke Lousma fynt yn Winsum stjonkende âlde boeken.
Cor Waringa fersoarget in YM en yn de snie sykje we nei spoaren.

Yn de twadde oere skoot it nijsfoarum oan en is der de kollum fan Tjalling van der Goot.

Spoaren yn 'e snie

De earste snie is fallen, we wienen hjir oan it Buro net te hâlden. Tongersdeitemoarn doe't it sintsje skynde, wienen wy te finen yn natoergebiet De Deelen. Mei boskwachter Roel Vriezema en muskusrattefanger Harry Bosma ha we spoaren socht yn 'e snie. Prachtich! We fûnen sels spoaren fan in otter.

Underoan dizze pagina fine jo in filmke. Harry Bosma hat hjir en der kamera's ophongen en sa no en dan slagget it him in otter op byld te fangen.

YM

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries.

In kerske foar in bern

De twadde snein yn desimber is "Wereldlichtjesdag". Oeral op de wrâld wurde om 19:00 oere kerskes oanstutsen ta neitins oan de bern dy't ferstoarn binne. It makket net út hoe âld of hoe lang lyn it bern ferstoarn is, alle bern fertsjinje in ljochtje. Ek yn Fryslân komme op ferskillende plakken minsken by mekoar om "Wereldlichtjesdag" stâl te jaan. Sa ek yn Ljouwert, op de Noorderbegraafplaats.

www.wereldlichtjesdag.nl
http://astridfeitsema.nl/

Underweis (1645)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Fan 'e moarn fynt hy stjonkende boeken yn Winsum...

Kollum

Alle wiken yn Buro de Vries in kollum. Dizze kear fersoarge troch advokaat Tjalling van der Goot.

Nijsfoarum

    Ien kear yn de moanne noegje wy in tal minsken út om plak te nimmen yn ús Nijsfoarum. Mei har beprate we it nijs fan de ôfrûne wike. Hjoed mei Riemer van der Velde, Anja Wester en Auke Zeldenrust.

    Bylden fan in otter, in filmke fan Harry Bosma

      Diel dit berjocht op:
      (advertinsje)
      (advertinsje)