Buro de Vries fan 8 septimber 2013

  • Spiler wurdt laden

Ek dizze snein wer in ferskaat oan ûnderwerpen, lykas in nij boek, de I-pad skoalle, natoer sjen yn bylden en 'Underweis' yn Wytmarsum.

Seis dagen yn 'e skûltinte foar ien foto

De fêste eksposysjeromte fan Ruurd Jelle van der Leij, yn de gallery yn Wyns, baarnde dizze winter ôf. De monumintale kop-hals-romp pleats út 1850 leit der noch fertutearze by. Dochs hat natuerfotograaf Van der Leij in boppeslach mei it boek "Et Stellingwarver voegelboek" dat ein ferline jier útkaam. Mear as tûzen boeken binne der al fan ferkocht. Mei de faak humoristyske Stellingwerver teksten fan Freddy de Vries út Aldeholtpea is dit in oanwinst foar wa't fan fûgels hâldt. It wurk fan Ruurd Jelle van der Leij wie dit jier al yn Grins en Aldeberkeap te sjen, ynkoarten ek yn Feanwâlden (red.:oktober yn de Skierstins).
http://www.rjvanderleij.nl
http://www.stellingwarfs.nl/?pagina=uutgiften

Yn Memoriam: radiodokumint foar ûnbekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Symen Veenstra.

"Kompleten", it nije boek fan Marga Claus

Tongersdei 12 septimber presintearret skiuwster Marga Claus har nije boek: "Kompleten". De presintaasje is yn Sint Nyk. De jûn begjint 19:30 oere by de Lourdesgrot achter de tsjerke. Dichter en dominikaan Henk Jongerius sil dêrnei yn de tsjerke wat fertelle oer it kleasterlibben fan hjoed-de-dei. Fierder wurkje mei it keamerkoar Con Amore Musica, o.l.v. Gerben van der Veen. Wa't belangstelling hat, kin der hinne want de tsjerke is grut genôch foar in soad minsken. De tagong is frij.

Kompleten, wat foltôging betsjut, is it lêste gebed yn in rige fan 8 gebeden.
Mar it sifer 8 hat yn it boek in noch folle djippere betsjutting. It Buro trof Marga Claus yn Sint Nyk.

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Fannemoarn is hy yn Wytmarsum.

De miening fan ... Gerrit Breeuwsma

Us wyklikse kollum wurdt hjoed fersoarge troch Gerrit Breeuwsma, ûntwikkelingspsycholooch yn Grins.

Juster wie alles noch goed

Seesiler Hans Horrevoets sloech op 18 maaie 2006 oerboard mei de Volvo Ocean Race op it trajekt fan New York City nei Porthmouth. It ûngelok gebeurde op folle see, likernôch 1300 seemilen út de kust fan it Ingelske Land's End. De boat "de ABN AMRO 2" foer werom om him út it wetter te heljen. Hy wie al út 'e tiid. Reanimaasje holp net mear. Horrevoets wie 32 jier.
Mei in famke fan oardel jier en yn ferwachting fan harren twadde bern bliuwt Petra van Rij achter. Petra is opgroeid yn Fryslân. Yn it boek "Gisteren was alles nog goed" fertelt Petra van Rij it oangripende ferhaal as widdo fan seesiler Hans Horrevoet. Ferline jier rjochte se de Stichting "De Jonge Weduwe" op. Tûzenen jonge widdo's witte har stichting te finen.
http://www.dejongeweduwe.nl/
http://www.nieuwamsterdam.nl/gisteren-was-alles-nog-goed

Minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsje fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. http://www.nykdev.nl/

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)