Buro de Vries fan 8 novimber 2015 11:00

  • Spiler wurdt laden

* Belibje de hjerst * Yn memoriam: fritolooch Marten van Kammen * De famylje Dalstra: kriminelen út de 19e ieu * ûnderweis yn Idaerd * de kollum fan Tjalling van der Goot * Kris Callens, Belch yn Fryslân * ús doarp: Readtsjerk

Belibje de hjerst mei Andries Dijkstra

Rûzich waar, poddestuollen, kastanjes, kleurde blêden. It is dúdlik: it is hjerst. De hjerst kinst sjen, mar ek goed hearre. Ast op ekskurzje giest mei Andries Dijkstra, gids by it Fryske Gea, dan komst dêr achter. Dijkstra is in echte fûgeltsjeman en ôfrûne wike naam hy ús mei nei it Easterskar.
Ek dit wykein is Dijkstra wer op 'en paad foar it Fryske Gea. Sjoch foar ekskurzjesdata op www.fryskegea.nl

'Fritolooch' Marten van Kammen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Marten van Kammen. Hy stie bekend as 'fritolooch' , in namme dy't er sels betocht hie.

Yn de kriminele fuotstappen fan 'de Dalstra's '

  • Op ekskurzje yn Fryslân

Yn 1870 is yn Nederlân de deastraf ôfskaft. De earsten dy't in libbenslange straf oplein krigen wiene 'de Dalstra's '. Heit, soan en neef Dalstra hie in echtpear yn Nyegea fermoarde en berôve. Nei de feroardieling kaam it trijetal yn de Blokhúspoarte om dêr harren straf út te sitten. Alle dagen sieten se yn de sel; se mochten der in healoerke deis út en op snein moasten se nei de tsjerketsjinst yn it gefang.

De Nederlânske Belch Rolf Lunting kaam troch stambeamûndersyk achter dit kriminele ferline fan syn foarâlden. Hy woe der mear fan witte en gong op ekskurzje.

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma giet alle wiken op 'en paad troch Fryslân en treft dan nijsgjirrige minsken dêr't er in praatsje mei makket. Hy bedarre dizze kear yn Idaerd.

Kollum fan advokaat Tjalling van der Goot

Tjalling van der Goot, advokaat by advokatekantoar Anker en Anker, jout alle moannen syn miening oer in aktueel, strafrjochtlik ûnderwerp.

Flaming Kris Callens hat it nei't sin yn Fryslân

Hast hûndert dagen is de Flaming Kris Callens direkteur fan it Fries Museum. En -yn de slipstream dêrfan- it fersetsmuseum en keramykmuseum Prinsessehof. In goed moment om ris wat better mei him yn de kunde te kommen. It Buro socht him op en prate mei him oer it Fries Museum, de kulturele haadstêd, it Princessehof en Fryslân.

Us doarp: Readtsjerk

Hoe bliuwe doarpen leefber yn in tiid fan krimp, leechstân en foarsjennings dy't ferdwine? Buro de Vries sjocht alle wiken hoe't se dat yn De Trynwâlden dogge. Dizze kear binne wy te gast yn Readtsjerk. In doarp fan noch gjin 200 ynwenners en eins sûnder foarsjennings. Fan alle Trynwâldster doarpen leit it boppedat as iennichste net yn de gemeente Tytsjerkstradiel, mar yn Dantumadiel. Soe dat wat útmeitsje? Mei Tseard van der Kooi meitsje we in slach troch de buorren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)