Buro de Vries fan 8 maart 2015 11:00

* Rense Westra * Yn Memoriam: Geeske Wijbenga Betlehem * laboratoariumhûnen krije in nij thús * Sjouke Lousma ûnderweis * Kollum Bart Kingma * it nijsfoarum ûnder lieding fan René Koster * koart ferhaal fan Nyk de Vries

Rense Westra oer saken dy't der ta dogge

Moandei 2 maart ferstoar akteur Rense Westra, 68 jier âld.
Hy hie in útsûnderlik talint dat him in nominaasje oplevere foar in Gouden Kalf as bêste akteur yn de film de Fûke. Mar dêrnjonken wie it ek in man dêr't oer praat waard. Hy ferswijde net dat er in drankprobleem hie en wat foar oare problemen as dat opsmiet.
Wy sochten yn ús argyf in reportaazje op dy't makke is yn 2007. Sjouke Lousma prate doe op in bysûnder plak mei Rense Westra.

Yn Memoriam: Gé Wijbenga-Bethlehem

Buro de Vries fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed it libbensferhaal fan Geeske Wijbenga Bethlehem.

Laboratoariumhûnen fine in nij thús

Henny Balk en har man Ed Pols meitsje har sterk foar húsdieren dy't in nij thús ha moatte. En dan giet it foaral om hûnen dy't brûkt binne by laboratoariumproeven. Se binne beide aktyf by de Stichting Hulp en Herplaatsing Huisdieren. Dêr ferfulle se frijwilligers- en bestjoerstaken en se binne pleechgesin foar hûnen dêr't noch net in nij thús foar fûn is. Neffens Ed en Henny is it foaral wichtich dat in gesin echt graach in hûn ha wol. Net omdat it silich is foar de hûnen, mar omdat se der nocht oan ha om in hûn te hawwen.
Mear ynformaasje oer de stichting Hulp en Herplaatsing Huisdieren is te finen op harren site: www.shhh.nl
Hoe 't it is om in laboratoariumhûn te hawwen, fertelt Petra Kerkstra fan Wurdum. Sy krigen begjin dit jier in laboratoariumhûn fia de stifting SHHH. Hûn Kelly is ûnderwilens aardich wend.

Sjouke Lousma ûnderweis

Brief oan........ fan Bart Kingma

Bart Kingma hat in brief skreaun oan hurdfytser Lieuwe Westra en lêst dy brief foar.

It nijsfoarum ûnder lieding fan René Koster

It nijsfoarum - besteande út Wini Weidenaar, Romke Postma en in gastfoarumlid - besprekt it nijs fan de ôfrûne tiid. Foarumlieder is René Koster.

Ultrakoart ferhaal fan Nyk de Vries

It Buro slút alle wiken mei in ultrakoart ferhaal fan Nyk de Vries ôf. Dit ferhaal hat as titel: Sletten Groep.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)