Buro de Vries fan 8 juny 2014 11:00

  • Spiler wurdt laden

Theunis Piersma * Age Hartsuiker * Boaiemdelgong yn Grinslân * Kollum Bert Looper * Nyk de Vries * YM * Underweis

Spinoza-preemje foar Piersma

Theunis Piersma fan Gaast krijt de prestisjeuze Spinoza-preemje. Piersma is heechleraar trekfûgelekology oan de Ryks Universiteit fan Grins. It is de heechste ûnderskieding yn de Nederlânske wittenskip en wurdt útrikt oan wittenskippers dy't ta de absolute top hearre. It bedrach fan 2,5 miljoen, dat ferbûn is oan dizze priis, wurdt brûkt foar ûndersyk. Piersma syn heit wie feedokter yn Himmelum en fokte hynders. Theunis Piersma hie mear mei fûgels, sa fertelde hy yn de simmer fan 2002 oan Bareld de Groot.

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Dicky Kerkhof.

It wethâlderskip is ek in keunst

Age Hartsuiker, hoe is it mei him? In trochstjoerde mail betsjutte de ein fan syn wethâlderskip yn Hearrenfean. We sochten him op yn syn atelier yn Jobbegea.
agehartsuiker.nl

Sjouke Lousma ûnderweis (1707)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út.

De miening fan Bert Looper

  • Bert Looper

Alle sneinen yn it Buro in kollum. Hjoed fersoarge troch Bert Looper, direkteur fan Tresoar yn Ljouwert.
www.tresoar.nl

Fryske útfining biedt útkomst by boaiemdelgong

Foar miljarden gas út de grûn helje, sûnder dat je dêr echt lêst fan ha. It like te moai om wier te wêzen. En dat is it dus ek. Boaiemdelgong, fersakkings, ierdskokken, ynstoartingsgefaar en nimmen dy't krekt wit wêr't it úteinlik op útdraaie sil. Buro de Vries praatte mei Jan van der Baan, dy't mei de wurkgroep Willem Beton al mear as 40 jier lyn warskôge foar dit gefaar;
- gie op besite by in swier fersakke pleats yn Noard-Grinslân;
- en moete útfiner Pieter de Bruin, dy't in systeem betocht hat om gebouwen ierdskokbestindich te meitsjen.

Mear ynformaasje oer it saneamde Donut systeem is te finen op www.waddenlandbv.nl

Minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsjes fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: Buorfrou Dora.
http://www.nykdev.nl/

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)