Buro de Vries fan 8 febrewaris 2015 11:00

  • Spiler wurdt laden

*rôffûgels profitearje fan de mûzepleach * Yn Memoriam: Tiertje Boersma fan Aldemardum * Tryater spilet thúsfront * Sjoukje Lousma ûnderweis yn Bakhuzen * Kollum Anje Wester-Koopmans * Italiaanske arsjitekt Vincenzo Menillo yn Ljouwert

Rôffûgels profitearje fan de mûzepleach

Rôffûgels. In soad Friezen ha der in haat-leafde-ferhâlding mei. Want wat is dat in machtich gesicht, sa'n swevende grutte mûzebiter yn de loft. Mar oan de oare kant bin it ek predators; bygelyks fan greidefûgelpykjes, dy't we sa graach beskermje. Hoe't je der ek tsjin oansjogge, it is altyd goed om der mear fan te witten. Meikoarten begjint op De Jouwer in koarte rôffûgelkursus. Wy troffen kursusliedster en natoergids Lydia Barkema yn natoergebiet Easterskar, tusken Rostergaast en Sint-Jânsgea...
De rôffûgelkursus ûnder lieding fan Lydia Barkema wurdt holden op De Jouwer en bestiet út twa teoryjûnen en in ekskursje. Mear ynformaasje op www.ivn.nl

Yn Memoriam: Tiertje Boersma

Cor Waringa betinkt it libben fan Tiertje Boersma. In noch jonge frou út Aldemardum dy't in protte soarch hie foar deminte âlderen.

Tryater spilet 'Thúsfront'

As je soan of dochter as soldaat útstjoerd wurdt nei in oarlochsgebiet, wat betsjut dat foar it gesin, heit en mem, dat yn it heitelân efter bliuwt? De ûngerêstheid, it net witte hoe't it mei de soan of dochter is, mar ek de bewûndering, de grutskens.
Hjir giet it stik Thúsfront fan Tryater oer. By in repetysje sprutsen we de skriuwer en regisseur fan it stik, Romke Toering en Sylvia Andringa.
It stik is de kommende twa moanne rûnom yn de provinsje te sjen. Wêr? Dat is te finen op www.tryater.nl

Sjouke Lousma ûnderweis

Dizze kear is Sjouke Lousma yn Gaasterlân, yn Bakhuzen. Hy treft dêr in âld fuotbaltrener en dowehâlder.

De kollum fan Anje Wester-Koopmans

Italiaanske arsjitekt yn Ljouwert

Us politike klimaat, de fassinaasje foar de Nederlânske arsjitektuer en de leafde; dy kombinaasje luts de Italiaanske arsjitekt Vincenzo Mennillo tsien jier lyn nei Ljouwert. Hy makke hjir fuort in fleanende start troch in prestisjeuze arsjitektuerpriis te winnen, mar rekke fanwege de krisis syn wurk ek al gau wer kwyt. Hy ferbrede syn hoarizon mei tal fan stúdzjes, mar ûntwikkele him ek as keunstskilder en ûndernimmer. Vincenzo Mennillo, in kreative Napolitaan yn Ljouwert. Mear ynformaasje oer Vincenzo Mennillo en syn wurk op: www.artndesign.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)