Buro de Vries fan 7 septimber 2014 11:00

  • Spiler wurdt laden

Dizze simmer stiet it Buro yn it teken fan 'Freonskip' en 'Friezen thús yn Frankryk'. Yn Freonskip fertelle twa bêste freonen oer harren bân. Yn 'Friezen thús yn Frankryk' hearre je ferhalen fan Fryske emigranten.

Freonskip: mei Iris Kroes en Irene de Graaf

Iris Kroes en Irene de Graaf kinne mekoar fan de basiskoalle. It jier dat Iris de talinteshow "The Voice of Holland" wûn, sette Irene útein mei de stúdzje medisinen yn Utert. In wrâld fan ferskil dus tusken beide froulju. Hoe hâldt harren freonskip stân?

Friezen thús yn Frankryk (11): Simon de Boer

Foar dizze ôflevering fan 'Friezen thús yn Frankryk" binne we te gast yn it Nalanda kleaster yn Labastide St. George. We freegje nei Tendar, de boeddhistyske namme fan Simon de Boer. In lange man yn (donker)reade klean ferskynt om 'e hoeke fan it kantoar. Simon/Tendar komt fan Kollumerpomp, is 52 jier en sûnt 12 jier boeddhistysk mûnts. Hy hat yn Grins sosjale wittenskippen studearre en dêr ek wenne en wurke. Tolve jier lyn hat hy syn hûs ferkocht, ôfskie nommen fan al syn besittings en keazen foar it sobere kleasterlibben.

It Nalanda kleaster

It Nalanda kleaster bestiet sa'n 30 jier. Simon/Tendar hat sân en in heal jier direkteur west. Yn dy tiid hat hy in masterplan makke fan 25 jier foar de útwreiding fan it kleaster. Hy hat ferline simmer bewust in stap werom dien, omdat hy wer studearje wol. Njonken de stúdzje wurdt hy yn oare sintra oeral op de wrâld útnoege om stúdzjesessys te begelieden.

*

Yn it kleaster wenje 20 mûntsen, in pear 'leken' (mûntsen yn oplieding) en frijwilligers dy't allerhande klussen dogge. De mûntsen wenje yn in eigen gebou, in gebou dêr't fierder net ien komme mei, dus wy ek net. Oerdeis komme der ek studinten de sessys folgjen, mar sy wenje net yntern. Om 12:30 oere skowe we oan foar de lunsj by in tige bûnt selskip fan wol 22 nasjonaliteiten. Letter meitsje we noch in part fan in stúdzjesessy mei. De Tibetaanske learaar sprekt allinne syn eigen taal. Alles wurdt 'live' oersetten yn it Ingelsk, Frânsk en Spaansk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)