Buro de Vries fan 7 oktober 2012

  • Spiler wurdt laden

De fûgels lûke wer fuort, om te oerwinterjen yn waarme lannen. Yde Kuipers fan Himmelum telt al mear as 20 jier de fûgels dy't de Iselmar oerstekke.
De films fan Johannes Doedes de Jong binne ynkoarten te sjen yn Tresoar, wy mochten alfêst even sjen.
Sjouke Lousma strúnt troch de provinsje en Cor Waringa is der mei in Yn Memoriam, hjoed oer Feikje Koopmans fan Ljouwert.

Yn de twadde oere sjogge we yn it Sofia Kinderziekenhuis, yn Rotterdam. Professor Ans van der Ploeg behannelet dêr bern mei de sykte fan Pompe. De kollum is fan Carolien Roodvoets en kinne jo 'm noch, âld-plysjefoarljochter Harry Oenema, hoe soe it mei him wêze?

Fûgels telle

It wie sneon 'birdwatchday', ynternasjonale fûgelteldei. Oer de hiele wrâld ha minsken fûgels teld. Dit om mear ynformaasje te krijen oer de trek fan fûgels. Ien fan de tellers is Yde Kuipers fan Himmelum. Hy is geregeld te finen op syn telplak, it haventsje fan Laaksum. Wy sochten him dêr earder dizze wike op.

YM

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed Feikje Koopmans fan Ljouwert.

Films fan J.D. de Jong

Johannes Doedes de Jong, J.D., wie in man fan in soad talinten. It bekendst waard er mei syn foto's. Syn prachtige swartwytfoto's lizze it boerelibben fan de 50, 60 en 70er jierren fêst. Mar hy wie ek dichter, sjoernalist en filmer. Hy makke bedriuwsfilms, en in soad opnamen fan de natoer. In kompilaasje is tiisdeitejûn te sjen yn Tresoar. Mei Henk Dijkstra fan it Lânboumuseum en Syds Wiersma en Tsjisse Hettema fan it Frysk Film Archief lûke wy alfêst in filmblik iepen...

Sjoch foar mear ynformaasje op www.tresoar.nl
De gedichten op film kinne jo ek besjen op www.friesfilmargief.nl

Underweis 1636

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Fan 'e moarn treft hy in man dy't sit te fiskjen. Hy hat in mindere tiid hân omdat hy syn baan kwyt rekke.

Kollum fan Carolien Roodvoets

De kollum komt dizze wike fan relaasjeterapeute Carolien Roodvoets. Se dûkt yn it fenomeen "Boer zoekt vrouw".

Stride tsjin de sykte fan Pompe

De medisinen tsjin de sykte foar Pompe wienen ûnderwerp fan diskusje. Foarearst wurde se noch wol fergoede, mar it binne kostbere medisinen. Professor Ans van der Ploeg behannelet Pompe-pasjinten en docht ûndersyk dat liede moat ta goedkeapere en bettere medisinen. We sochten har op yn it Sofia Kinderziekenhuis yn Rotterdam.

Hoe is it no mei .....

Jierrenlang wie er hast alle dagen wol op 'e radio te hearren en ek geregeld te sjen op tillevyzje: plysjefoarljochter Harrie Oenema. As wurdfierder fan de plysje stie hy de media te wurd. Meastentiids allinnich de Fryske, mar by grutte saken ek de lanlike media. It is al wer hast 10 jier lyn, dat er mei de VUT gie. En eins misse we Oenema wol wat, hjir by it Buro. Fan 'e wike sochten we him derom nochris op, thús yn Aldeboarn....

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)