Buro de Vries fan 7 juny 2015 11:00

  • Spiler wurdt laden

*in slinke ekstra yn it Noarderleech * Yn Memoriam: Jikke Schaafstal-Cuperus * Bernard van Haersma-Buma oer 'Buma State', in monumintale pleats by de Werpsterhoeke * ûnderweis yn de Makkumer Waard * Kollum Bart Kingma * it Nijsfoarum * Eelke Lok fertelt oer syn moaiste ynterview ea *

In slinke ekstra

Noch dit jier wurdt úteinset mei de bou fan it nije gemaal Fiifhuzen, op de seedyk tichteby Hallum. Oerstallich wetter út de boezem kin hjir fan 2018 ôf de Waadsee yn spuid wurde. By it nije gemaal komt in grutte slinke. Yn de geul komme sâlt en swiet wetter byinoar.
Jan Jelle Jongsma fan it Fryske Gea nimt ús mei nei it Noarderleech, de dyk oer....

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Jikke Schaafstal.

De Buma's fan Buma State

  • Wiardus Willem Buma
  • Buma State
  • In detail fan Buma State

Ynkoarten wurdt begûn mei de bou fan in Van der Valk Hotel by de Werpsterhoeke yn Ljouwert. Eachlûker is Buma State, in grutte monumintale, mar fertutearze pleats. As ûnderdiel fan de ôfspraken mei de gemeente Ljouwert sil Van der Valk de pleats restaurearje en as eachlûker in plak jaan by it hotel-restaurant. Hoe krekt, dêr wurdt noch oer neitocht. It Buro is benijd nei de skiednis fan de pleats en it ferhaal dat der by heart. Stichter en nammedrager blykt mr. Wiardus Willem Buma te wêzen. Yn it midden fan de 19de ieu wie hy deputearre fan Fryslân en presidint fan it provisjaal gerjochtshôf. Mar hy blykt ek de oer-oerpake fan Bernard van Haersma Buma te wêzen, de âld-boargemaster fan Snits. Mei him gie it Buro op ûndersyk út.....

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út.

De kollum

De kollum komt hjoed fan Bart Kingma, skriuwer en programmamakker by Omrop Fryslân.

It nijsfoarum

It wie ....

Eelke Lok is in bekende namme by Omrop Fryslân. Hy wurket hjir al hast syn hiele libben en ynkoarten giet er mei pensjoen. Eelke hat in soad meimakke. Genôch om de kommende wiken werom te sjen op syn omrop ferline.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)