Buro de Vries fan 7 july 2013

  • Spiler wurdt laden

It giet oer freonskip dizze simmer yn Buro de Vries. Bekende Friezen stelle har bêste freon oan ús foar. Wat betsjút dizze freonskip foar beide.
Yn de twadde oere "Friezen thús yn Sweden". Buro de Vries werhellet dizze simmer de moaie rige programma's oer Fryske emigranten yn Sweden.

Hans Achterbosch en Ron Fonville

Op de rûnwei by Snits binne twa houten brêgen markante objekten yn it stedslânskip. Hans Achterbosch út Ljouwert is de arsjitekt. Syn ynspiraasje foar de brêgen krige hy troch de bylden fan it heechgebergte. Tegearre mei syn freon Ron Fonville beklom hy yn fiif jier tiid de heechste toppen op fiif kontinenten. Berchbeklimme is in teamsport, je binne fan elkoar ôfhinklik. Ien ferkearde stap kin fataal wêze. Yn 'Freonskip' fertelle se oer de ekspedysjes, de spanningen en it ferbliuw op grutte hichte.

'Friezen thús yn Sweden'

In jier lyn makke it Buro in rûnreis troch Sweden, op syk nei Fryske emigranten. Fansels binne der Friezen oeral op de wrâld te finen, mar binnen Europa is Sweden dochs wol it lân dêr't de measte Nederlanners en dus ek Friezen nei ta ferhúzje. Werom ha se Fryslân ferlitten en in nij thús socht yn Sweden? Wat lûkt har oan it lân? Wêr binne se tsjin oan rûn en wat hat har ferwachtings oertroffen? Koartsein: hat Sweden har brocht wat se ferwachte hienen. Sjoch op ús blog: www.omropfryslan/blog/sweden

De reis levere in sfearfolle rige fan 12 programma's op. In rige dy't wy dizze simmer werhelje.

De 'Nederlânske' mar ek 'Fryske' koloanje yn Munkfors

We begjinne de moarn mei in brochje by Ingrid Wassenaar en har heit en mem; Sjoerd en Pietsje Wassenaar. Se ha in bakkerij yn Munkfors. Ingrid hie ferkearing mei in banketbakker en tegearre sochten se it avontoer yn Sweden. Har heit en mem gongen mei. Mar de ferkearing gong ús, de banketbakker werom en sadwaande stiet heit Sjoerd no te bakken.

Thea Hopma en har gesin wenje in stikje fierderop. Har man Sido is túnman en wurket fan moandei o/m tongersdei yn Göteborg.

Paul en Janstje van Wolveren wurkje beide yn 'e soarch. Se kamen hjir mei trije pubersoannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)