Buro de Vries fan 7 febrewaris 2016 11:00

* Bosk waard wer heide yn it Alpherfjild by Beetstersweach * Yn Memoriam: Anna Bonnie Folkertsma * Twa nije 'Jopie Huismans' dûke op * Sjouke Lousma ûnderweis yn Hjerbeam * Kollum fan Bart Kingma * It smelle paad dêr't dûmnysfrou Gerda Tolk foar keas * In soarchkoöperaasje yn De Trynwâlden

Bosk waard wer heide yn it Alpherfjild by Beetstersweach

De njirre (adder), de ringslang en de heidekikkert, se wurde allegear yn har bestean bedrige. Se steane dêrom ek op de saneamde reade list. Boppedat hat de provinsje Fryslân se oantsjutte as soarten dy't spesjaal omtinken fertsjinje om't se saneamde 'gidssoarten' binne. Dat wol sizze dat as dizze soarten it goed dogge, de omstannichheden yn it leefgebiet ek geskikt binne foar oare soarten. Lânskipsbehear Fryslân is aktyf dwaande de leefgebieten foar reptilen en amfibyen te ferbetterjen. It Buro gie fan 'e wike op 'en paad mei Gerrit Tuinstra fan lânskipsbehear Fryslân om te sjen hoe't se dat krekt dogge en oft it al wat opsmiten hat....

Yn Memoriam

Buro de Vries fiert it libben, want elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Cor Waringa oer it libben fan Anna Folkertsma, eareboarger fan Kûbaard.

Twa nije "Jopie's" dûke op

Greta Wesselius-Venema hie mei twa skilderijkes fan har freondinne Fettie nei de ynbringdei fan it telefyzjeprogramma Tussen Kunst en Kitsch yn Warkum west. Op de iene in profyltekening, op de oare in jonge cowboy, beide mei de hantekening fan Jopie Huisman derop. Se binne fan Fettie Lemstra-ten Dam fan Makkum. Frou Lemstra hat se al in jier as 70 mar hat it nea nedich fûn se foar it fuotljocht te bringen. Wy wienen benijd nei it ferhaal achter dizze 'nije Jopie Huismans'.

Sjouke Lousma is ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch Fryslân en makket in praatsje mei immen dy't er op syn reis tsjinkomt. Hy bedarret dizze kear yn

Kollum fan Bart Kingma

Kreatyf tûzenpoat Bart Kingma skriuwt ien kear yn de moanne in kollum en dat docht er yn de foarm fan in brief.

It 'smelle paad' fan Gerda Tolk

Stel, jo binne as frou troud mei in dûmny en je wurde fereale op in froulike diaken yn deselde tsjerke. Dan stiet je wrâld op 'e kop. En dy fan je partner. En dy fan de tsjerke.
Harkje nei in rekonstruksje fan it fasinearjende, mar ek dramatyske ferhaal fan Gerda Tolk fan Ljouwert. It Buro giet mei har werom nei Stiens dêr't it him goed 35 jier lyn allegear ôfspile...

Us Doarp

De leefberens behâlde, ek as de foarsjennings ôfnimme; dat sjogge in soad doarpen as de grutste útdaging foar de takomst. Yn De Trynwâlden is in tal minsken dêrom dwaande mei in saneamde soarchkoöperaasje. Doel is om de soarch te krijen dêr't dy nedich is en as it heal kin, gewoan by de minsken thús. Of oars om 'e hoeke. It Buro trof twa fan de inisjatyfnimmers, Axel Wallenburg en Jabik Riemersma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)