Buro de Vries fan 7 augustus 2016 11:00

  • Spiler wurdt laden
  • Suzanne Schulting en har heit Jan Schulting
  • It Nasjonaal Flechtmuseum yn Noardwâlde

Jan Schulting is fuotbaltrainer, sûnt dit foarjier foar it earst fan in frouljusalvetal, dat fan SC Hearrenfean. Syn dochter kin neat mei in bal wurde. Suzanne keas foar shorttrack en blykt in topper. In petear tusken twa fanatike sporters.
Fierder in tal moaie reportaazjes út ús rike argyf.

Jan en Suzanne: fuotbal en shorttrack

"Het is altyd al iemand geweest die voor haarzelf wist wat ze wilde", seit Jan Schulting (60) oer syn âldste dochter Suzanne. Suzanne Schulting (19) brúts ôfrûne winter troch by yn de shortrackwrâld. Se fynt it dreech om har heit te omskriuwen. Mar al gau blykt dat wat jildt foar dochter ek heit net fjêmd is: "Als Pappa iets voor elkaar wil krijgen dan lukt dat ook".
Fuotbaltrainer en heit Jan Schulting yn in dûbelynterfjoe mei dochter Suzanne. In petear oer topsport, los litte en karriêreplanning.

Stikje fleanbasis skiednis

Yn de twadde wrâldoarloch waard de fleanbasis by Ljouwert al gau ynnommen troch de Dútsers. Se wreiden de basis enorm út. Mei der omhinne de nedige ferdiedingswurken. Dizze bunkers fynst hjir en dêr noch werom yn de greide. Wol hieltyd minder. Ek by de oanlis fan de heak om Ljouwert moasten bunkers wike. Krekt foardat dy bunkers fuothelle waarden, seagen we dêr noch efkes mei Jan van der Zwaag. Dat wie yn septimber 2013. Jan is fassinearre troch (sis-mar) de Dútse neilittenskip yn en om de basis.

It Flechtmuseum yn Noardwâlde

It reidflechtsjen en de rotanyndustry ha Noardwâlde ferneamd makke. Yn de 19e ieu wie it flechtsjen fan kuorkes en letter fan stuollen de belangrykste bron fan ynkomsten yn it earme doarp, mar ek dan koene de arbeiders nóch amper rûnkomme. Om better te konkurrearen mei de flechtyndustry yn it bûtenlân, waard yn 1908 de Rietvlechtschool oprjochte. En yn 1912 waard der in prachtich nij gebou delset. Yn 2012, se bestienen doe 100 jier, makken wy yn it Nasjonaal Flechtmuseum yn Noardwâldeêr, dizze reportaazje.

Sjouke Lousma Underweis

Sjouke Lousma hat jierren ûnderweis west foar de Omrop. Yn totaal makke hy hast 1800 petearkes foar syn rubryk Sjouke Lousma Underweis. Dizze makke hy yn 2010: jierpels skille yn Aldebiltsyl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)