Buro de Vries fan 6 oktober 2013

Op- of oanmerkings, we hearre se graach. Mail nei burodevries@omropfryslan.nl. Ek foar tips!

It klimaat feroaret, boeren ha der mei te 'dealen'

It klimaat feroaret, dat fernimme we allegear. It waar wurdt ekstremer. Landbouwers, boeren, bin bot ôfhinkilik fan it waar. Hoe krije we de lânbou klimaatbestindich?
Peter Prins fan LTO Noord besiket hjir in antwurd op te finen. Yn Fryslân, mar yntusken ek yn Oeganda en Cambodja
http://www.ltonoord.nl/nieuws/noordelijk-klimaatproject-krijgt-internati...
http://www.agriterra.org/nl/project

YM: radiodokumint foar ûnbekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: ielrikker en keunstskilder Evert de Graaf, hy is 59 jier wurden. Dit wykein wurde 30 fan syn skilderijen ferkocht. Dit hie hy by libben ôfpraat mei Thom Mercuur en Steven Sterk. De ferkeaptentoanstelling is yn 'het Gemaal' yn Gersleat. Sneintemiddei fan 13:00 oant 17:00 oere.

"De Blaue Toer": wat, of better sein, wa binne dat?

Stichting De Blaue Toer bestiet al in jier as 9. Dit wykein ha se de premiêre fan "Cesilia Tan", skreaun troch Aggie van der Meer. De Blaue Toer bringt muzykteater op ferskillende lokaasjes. Sa wurdt Cesilia Tan dit wykein opfierd yn Museum Belvédère en is it dernei fjouwer jûnen te sjen yn de eardere gebouwen fan Flach Drukkerij yn Snits. Wat is de Blaue Toer, of better sein, wa binne de Blaue Toer? Om dat út te finen seachen wy dizze wike by de lêste repetysje fan Cesilia Tan.
www.blauetoer.nl

Sjouke Lousma ûnderweis (1673)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út.

De miening fan ... Gerrit Breeuwsma

Alle sneinen yn Buro de Vries in kollum. Hjoed fersoarge troch Gerrit Breeuwsma, ûntwikkelingspsycholooch yn Grins.

Arbeidsûngeskikt troch ferkeard 'blazen'

Fanfares, brassbands en Harmonies, we ha der hiel wat fan yn Fryslân. Blaze is topsport en wa't sport kin blessearre reitsje. Troch in minne hâlding of gjin goeie blaastechnyk. Professionals kin oertraind reitsje om't harren grinzen berikt binne. Revalidatie Friesland hat yn Beestersweach in spesjale muzykpoly. Revalidaasjearts Kees Hein Woldendorp promovearret ynkoarten op in ûndersyk nei blessures by blazers. Op 2 novimber is hy ien fan de sprekkers tidens in ynternasjonaal symposium oer muzykblessures yn Beetstersweach.

Minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsje fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: Foarútgong
http://www.nykdev.nl/

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)