Buro de Vries fan 6 novimber 2016 11:00

  • Spiler wurdt laden
  • Clara de Boer en Bearn Bilker
  • Jeroen Nagtegaal
  • Nelleke Pouwer mei har ynstjoerde stik
  • Jelske van der Meulen

Radio-aksjefierders waarden Omrop-freonen: weromsjen mei Bearn Bilker en Clara de Boer op ûntstean Feriening Freonen fan Omrop Fryslân * Vinkebaan op Flylân: in unyk barren * YM Jelske van der Meulen * Brûk it wurd 'Downers' net * Nijsfoarum

Finkebaan op Flylân

Sfearympresje by de reportaazje oer de Vinkenbaan op Flylân.

Yn aksje foar mear stjoertiid Radio Fryslân

  • Clara de Boer en Bearn Bilker

Finkebaan op Flylân: Unyk!

  • Jeroen Nagtegaal
  • Frijwilliger Frank Majoor

Flylân is it iennichste plak yn Fryslân mei in saneamde 'vinkenbaan'': in gebiet yn in natoergebiet, meast dunen, dêrt netten hingje om lytse fûgeltsjes mei te fangen. Fongen fûgeltsjes wurde ringe en der wurdt byhâlden hokker soarten it binne. De Finkebaan op Flylân sit op in bysûnder plak, midden yn it ôfsletten natoerterrein de Kroon 's polders. En omdat waadeilânnen lykas Flylân faaks it earste fêste lân is foar in soad fûgels dy't út it noarden fuort lûke, kin it der yn de hjerst betiden hiel drok wurde. Op ien sa'n drokke dei wie Buro de Vries te gast op de Finkebaan.

YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Jelske van der Meulen.

'Brûk it wurd 'downers' net'

Yn de Ljouwerter Krante koene we foarige wike in grut artikel lêze oer Balou Post, in jonge frou mei it syndroom fan Down. Balou wurdt yn dat artikel in 'downer' neamd, en dat fynt net elkenien in moaie beneaming.
Ek de âlden fan de 25 jierrige Ronny van der Berg waarden rekke troch dy beneaming en skreaune in ynstjoerd stik.

Nijsfoarum

Hjoed yn it nijsfoarum: Otto van der Galiën, Lidewij Bergsma en Geart Benedictus

11:08 - Bob Marley & Lauryn Hill - Turn Your Lights Down Low
11:22 - Mary Black - Don't Say Okay
11:52 - Ray Charles - Hit The Road Jack
12:07 - Red Box - For America
12:14 - Kungs Vs. Cookin On 3 Burners - This Girl
12:51 - Barry Manilow - Life Has It's Ups And Downs

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)