Buro de Vries fan 6 maart 2016 11:00

  • Spiler wurdt laden

Jeie op reeën * YM Anne Hette Haringa * Speure nei nijs foardat it nijs is * Sjouke Lousma ûnderweis * Kollum Bart Kingma * Feriening De Doarpsein yn Ryptsjerk * Us Doarp

De beleving fan it jeien op reeën

Yn Fryslân binne der nei skatting sa'n 6000 reeën. Dy soargje per jier foar 500 registreare oanridings. Om dit tal oanridings werom te bringen en ek om de reeëstân yn 'e hân te hâlden, wurdt der jage op reeën. De ree hat nammentlik gjin natuerlike fijân. Durk van der Heide fan Nij Beets is ien fan dy 1200 jagers yn Fryslân. Hy mei dit jier alve reeën sjitte yn syn jachtgebiet by Wynjewâld. Ferslachjouwer Eduard Rekker gong mei him it fjild yn, om de 'beleving' fan in reeëjacht te ûnderfinen.

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Elts libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei dy gedachte gie Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy sprekt alle wiken in Yn Memoriam út. Hjoed eidet er it libben fan Anne Hette Haringa oer.

Bas 'scant' it nijs

We sjogge no yn Buro de Vries wer even oer de provinsjegrins. Dizze kear sykje we Bas van Ooyen op. Hy is nog mar 24 jier, mar hat in goed rinnend buro yn Amsterdam mei de namme 'Owlin' (ûle, mar dan op syn Ingelsk). Se garje ynformaasje foar risiko-analisten by de grutste bedriuwen, sa as KPMG, ING en Deloite. It begong doe't Bas yn 2012 Technische Informatica studeare oan it Friesland College yn Ljouwert. Ynkoarten hopet hy in kantoar te iepenjen yn New York. https://www.owlin.com/

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch Fryslân en makket ûnderweis in praatsje mei minsken dy't er tsjinkomt. Hjoed in stel dat wat skiep hat foar de hobby.

De kollum fan Bart Kingma

Feriening De Doarpsein

  • De wikselpriis fan it 'priissprekken' yn de finsterbank fan Van der Zwaag
  • Boerd oan it begjin fan it doarp Ryptsjerk

Ferline wike wienen se yn it nijs mei in eineberch: in driuwend plato dêr't einen op briede kinne. We ha it oer de eineferiening fan Ryptsjerk. De lêste eineferiening fan Fryslân. Wy hienen hjir oan it Buro noch nea fan in eineferiening heard. Reden genôch om nei Ryptsjerk ôf te reizgjen. https://www.facebook.com/doarpsein/

Us Doarp (17)

In oplossing sykje foar minsken dy't har iensum fiele, dêrop bin ferskate inisjativen rjochte yn De Trynwâlden. Yn de hal fan It Skewiel treffe we hjoed meiwurksters fan it doarpeteam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)