Buro de Vries fan 6 jannewaris 2012

  • Spiler wurdt laden

Grut Lankum wie it eardere psychiatryske sikehûs yn Frjentsjer, fotografen namen âld-wurknimmers mei werom,
Sjouke Lousma treft de eardere buorjonge fan de pastoar út Reahûs,
Cor Waringa fertelt oer it libben fan Riemke Gosliga fan Goutum,
en Rients Gratama oer de winter fan '79.

Skriuwer Oek de Jong hat syn bernejierren yn Fryslân wenne en dat fine we werom yn ferskillende boeken fan him. Dit jier ferskynde Pier en Oceaan, in dikke pil fan sa'n 800 siden. En wer spilet in grut part him ôf yn Fryslân. It Buro socht De Jong op.
Psycholooch Gerrit Breeuwsma fersoarget de kollum,
en we slute ôf mei in oade oan sjongeres Patti Page.

Rients Gratama oer de sniewinter

It wol noch net bot winterje, 50 jier lyn wie dat oars. De winter fan 1963 wie de kâldste winter fan de foarige ieu. De Iselmar wie foar de krystdagen al tichtferzen. En it bleau glûpende kâld. It Noarden hie yn jannewaris 25 iisdagen en it iis wie op de 18e dik genôch om de Alvestêdetocht te riden. Nije wike sjogge we yn Buro de Vries werom op dizze barre tocht.

Yn 1979 hie it ek bot ferzen, mar doe wie de snie de grutte spulbrekker. Rients Gratama oer dy winter.

YM

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Riemke Gosliga fan Goutum.

Werom nei Grut Lankum

Trije jier lyn setten fotografen Joan en Wilma van der Brug útein mei har projekt Grut Lankum. Grut Lankum wie fan 1930 oant 2002 it psychiatrysk sikehûs yn Fryslân. It haadgebou stiet sûnt dy tiid leech en wurdt ferboud. Joan en Wilma namen âld-meiwurkers mei werom nei it gebou. It rôp in soad werinnerings op en dy mominten waarden fêst lein op de foto. It projekt hat eins nea stillein en op fersyk fan Museum Martena komt der no in tentoanstelling en in boek: Groot Lankum, een portret.
Mei Joan en Wilma en Douwina Zwart, dy't eardere 15 jier wurke op Grut Lankum, seagen wy yn it âlde gebou.

 

De tentoanstelling "Groot Lankum, een portret" is fan 21 jannewaris oant 3 maart te sjen yn Museum Martena yn Frjentsjer.

Underweis (1648)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Fannemoarn treft hy in eardere buorjonge fan de pastoar út Reahûs.

Kollum

Alle sneinen even nei tolven in kollum. Hjoed fersoarge troch psycholooch Gerrit Breeuwsma.

De Fryske grûn fan Oek de Jong

Pier en Oceaan is in rige skilderijen fan Piet Mondriaan, oer de see by Domburg. It is ek de titel fan de nijste roman fan Oek de Jong, dy't him ôfspilet yn Seelân én Fryslân.

Patti Page

85 jier is se wurden, de Amerikaanse sjongeres Patti Page. Se ferstoar ôfrûne wike. Foar it programma Noardewyn hie 'muzykdûmny' Ivo Poelsma alris in moai stikje oer har makke. It Buro frege him dit nochris te dwaan

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)