Buro de Vries fan 6 desimber 2015 11:00

De 'Groene apotheek' * YM Wytze Lanting fan Wommels * Boek oer de skiednis fan Boalsert * Sjouke Lousma ûnderweis * Kollum Tjalling van der Goot * Leeuwarden op Bonaire * Earmoed eartiids (allinne jûnsútstjoering)

Wjirmestront foar de Groene Apotheek

Yn de wyk Oldegalileën yn Ljouwert rint in bysûnder projekt: de Groene Apotheek. Op in stik grûn oan de Ie binne frijwilligers hiel drok dwaande. Der is in grientetún op permakultuer oanlein, der binne ierdbeibakken, in krûdetún, fruitbeammen en sûnt ôfrûne wike ek twa saneamde wjirmehotels. Alle wykbewenners kinne meiwurkje én ite fan de krûden, de griente en it fruit fan de Groene Apotheek. Buro de Vries gie fannewike nei de Oldegalileën ta en krige fan frijwilligster Inge Koch in rûnlieding en Chris Troost prate ús by oer de wjirmehotels.

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Wytze Lanting fan Wommels.

94 jier skiednis fan Boalsert

Skriuwer Willem Haanstra is al hast tsien jier dwaande mei in rige boeken oer de skiednis fan Boalsert. Koartlyn ferskynde diel fjouwer: 'Een sneeuwgans boven Bolsward'. Foar dit boek wie it libbensferhaal fan de 94-jierrige Hendrik Witteveen it útgongspunt. Syn persoanlike werinnerings as boer ûnder de reek fan de stêd, krije yn it boek in plak yn de histoarykse kontekst. De earste auto yn de stêd, de earmoed, it boerelibben, de alvestêdetocht, slot Spreeuwenstein, de roomske tsjerke, it komt allegear oan de oarder, mar benammen de oarloch. Mei dramatyske werinnerings oan de moard op in Joadske ûnderdûker en it delstoarten fan in Amerikaanske bommewerper.

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch Fryslân en komt op syn reis nijsgjirrige minsken tsjin dêr't er in praatsje mei makket. Hjoed is hy op in tún by It Hearrenfean.

Kollum Tjalling van der Goot

De kollum komt dizze snein fan Tjalling van der Goot, advokaat by http://www.ankerenanker.nl/

Leeuwarden op Bonêre: in eardere Aloë-plantaazje

‘Leeuwarden’ stiet net allinnich op de kaart fan Fryslân, mar ek op dy fan Bonêre. It giet op Bonêre net om in doarp mar om in kûnûkû, in pleats mei geiten en boulân. Dizze ‘plantaazje Leeuwarden’ hat in lange skiednis as produsint fan aloë. Mar omdat buorkje op it droege Bonêre net folle opsmyt binne in soad kûnûkûs ferlitten. Dat jildt ek foar kûnûkû Leeuwarden.

Onno Falkena woe dit tropyske Leeuwarden wolris mei eigen eagen sjen. Hy gie dêrom op 'en paad mei sjoernalist Boi Antoin, de argivaris fan Bonaire.

Earmoed eartiids (allinne jûnsútstjoering)

Nederlân heart by de rykste lannen fan de wrâld, mar ek hjir komt earmoed foar en bin minsken mei ôfhinklik fan de itensbank. Hoe moat dat west ha yn tiden dat hast elkenien yn earmoed libbe? Buro de Vries reizige troch de provinsje op syk nei ferhalen oer earmoed en iten. (Werhelling fan 23 novimber 2014)

12:42 - Kensington - Riddles

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)