Buro de Vries fan 5 oktober 2014 11:00

  • Spiler wurdt laden

* Flechtelingen yn Gaasterlân * Dútske dokter leart Frysk * Hylke Speerstra lêst foar * Kollum Anje Wester * YM * Minút fan Nyk * Nijsfoarum

Dútske dokter leart Frysk

As it oer emosjonele saken giet; as der drege of persoanlike ûnderwerpen bepraat wurde moatte, yn hokfoar taal dogge jo dat dan it leafst? "Myn eigen memmetaal", sil faak it antwurd wêze. Dat is de reden dat Thomas Müller him it Frysk eigen meitsje wol. Müller is urolooch yn sikehûs Nije Smellinghe yn Drachten. Hy is berne yn Dútslân, wennet 15 jier yn Nederlân en sit sûnt in healjier op Fryske les.

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Jelle Jellesma.

Flechtlingen yn Gaasterlân

  • Tinkstien Ambonezen kamp Wyldemerk

Gaasterlân hat in lange tradyzje yn de opfang fan flechtlingen en frjemdlingen. Hugenoaten, Belgen en Molukkers fûnen der in feilich plak. Yn it ramt fan de moanne fan de skiednis is no in fytsrûte útbrocht. In tocht by de merktekens yn it lânskip del, dy't ús dêr noch oan werinnerje. En tafal of net, krekt no wurdt wer in berop op de gastfrijheid fan Gaasterlân dien: mooglik soe Riis 300 Syriërs ûnderdak biede moatte. Mei dat gegeven yn de achterholle seach It Buro mei Tiete Bangma, Tineke Posthuma en Auke Hylkema fan it Historysk Wurkferbân Gaasterlân op ferskillende histoaryske plakken. As earste it earder Ambonese-kamp Wyldemerk.

De Fytsrûte 'Gasten in Gaasterland' is te krijen by it besikerssintrum Mar & Klif yn Aldemardum. Mear ynformaasje op www.marenklif.nl

Op klompen troch de Dessa

Hylke Speerstra komt ynkoarten mei in nij boek: 'Op klompen troch de Dessa'. Speerstra hat ferhalen fan âld Ynje-striders optekene. Yn de moanne oktober alle sneinen in fragmint út ien fan dizze ferhalen. Hjoed in part út de prolooch.

De kollum fan Anje Wester Koopmans

De kollum komt hjoed fan Anje Wester Koopmans, ûndernimster yn Earnewâld.

Nijsfoarum

Ien kear yn 'e moanne skoot it nijsfoarum by ús oan. It nijsfoarum bestiet út twa fêste leden: Wini Weidenaar en Romke Postma en ien gastlid, dizze snein is dat Karen Bies. Se jouwe har miening oer it nijs fan de ôfrûne wiken.

Minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsjes fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: RAPPER TYPHOON.
http://www.nykdev.nl/

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)