Buro de Vries fan 5 maaie 2013

  • Spiler wurdt laden

Herinnerings oan de oarloch: yn hoefier wurdt ús geheugen 'kleurd' troch de skiednis dy't we út boeken en films kinne. Gerrit Breeuwsma, ûntwikkelingspsycholooch yn Grins, die der ûndersyk nei. Fierder yn dizze Buro de Vries omtinken foar de bij, de leafde foar hout, nij gelok op it tsjerkhôf fan Boalsert en fansels alle fêste rubriken.

Soargen om de bij

Om de bij te beskermjen hat de EU dizze wike besletten dat trije soarten lânbougif net mear brûkt wurde meie. Yn Europa gean in soad bijen dea en der binne stúdzjes dy't sizze dat it troch dizze bestridingsmiddels komt. Mar der is lang net elkenien it oer iens. Om in idee te krijen hoe't it mei de bij yn Fryslân giet socht it Buro ymker Jan Hiemstra yn Surhústerfean op. Troch it kâlde foarjier sitte syn kasten lang net fol.

YM

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Jacob Visser.

Floor en har hout

Dit en takom wykein hâlde 20 keunstners en keunstynstellings yn Warkum iepen hûs. It Buro seach by ien fan har. Floor van der Leun hat har hielendal talein op it wurkjen mei hout.
www.beeldenstadworkum.nl
www.fjoer.nl

Underweis (1664)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Yn dizze ôflevering treft hy op it tsjerkhôf fan Boalsert nij gelok.

Kollum

De wylikse kollum wurdt hjoed fersoarge troch Bert Looper, direkteur fan Tresoar, it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum yn Ljouwert.

Oarlochsherinnerings

Wat fertelle berneherinnerings ús no noch oer de oarlochsjierren? Yn hoefier wurdt ús geheugen, yn de rin fan de jierren, kleure troch de skiednis dy't we út boeken en films kinne. En hoe bepaalt dit wer ús famyljeferhalen oer dy oarlochstiid? Gerrit Breeuwsma, ûntwikkelingspsycholooch yn Grins, die der ûndersyk nei.
http://gerritbreeuwsma.nl/

Minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsje fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: Húshimmelje.
http://www.nykdev.nl/

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)