Buro de Vries fan 5 jannewaris 2014, 11:00

  • Spiler wurdt laden

It Buro winkset jo alle goeds foar 2014!
En ek dit jier binne wy fansels bliid mei jo op- en/of oanmerkings of tips. Mail se nei burodevries@omropfryslan.nl

Ambassadeur foar it lânskip

Foar de 4de kear organisearret Mar & KLif yn Aldemardum de kursus Ambassadeur Nasjonaal Lânskip Súdwest-Fryslân. In kursus oer alle kanten fan it lânskip. Hoe is it ûntstien? Wat binne de kenmerken en natoerwearden? In kursus spesjaal foar ûndernimmers yn Súdwest-Fryslân dy't te krijen ha mei toeristen. De kursus makket bewust en ferbynt, en der ûntstean in soad moaie, nije plannen.
De kursus wurdt op fiif dagen hâlden: trije tongersdeitemiddeis (23 jannewaris, 6 feberwaris, 6 maart), de ekskurzjedei is op 20 febrewaris en freedtemiddei 14 maart is de ôfsluting en netwurkmiddei. Mear ynformaasje is te krijen by Besikerssintrum Mar en Klif: 0514-571777, www.marenklif.nl en de kursus hat ek in eigen facebook-side

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Ype Staak van der Meulen.

Oefenje foar Faderpaard

It 'Koninklijk Friesch Paardenstamboek' bestiet 135 jier en fiert dit op har jierlikse hynstekeuring mei in grutte show. It gedicht Faderpaard fan Tsjêbbe Hettinga is de reade tried en fansels stiet it Frysk hynder sintraal. Fan dit wykein ôf wurdt foar it earst troch alle dielnimmers meielkoar repeteard. De ôfrûne moannen is yn binnen- en bûtenlân apart fan mekoar oefene. Sa ek troch Jan en Susan Bouwman yn de Egberdina Hoeve yn Nijeveen. We sochten har ôfrûne tongersdei op.

De foarstelling Faderpaard fan freed 10 jannewaris is al útferkocht, foar tongersdei bin noch kaarten. Sjoch foar mear ynformaasje op www.faderpaard.nl
http://www.egberdinahoeve.nl/

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Yn de ôfleverng fan fan 'e moarn is hy yn de Warkumerwaard. Hy treft hjir in fûgeljend stel.

De miening fan ... Bert Looper

Alle sneinen yn Buro de Vries in kollum. Hjoed fersoarge troch Bert Looper, direkteur fan Tresoar yn Ljouwert. www.tresoar.nl

Ronnie Terpstra

Hawwe nije generaasjes noch de tiid en de konsintraasje om oan in echt boek te begjinnen? En hat it boek dus wol takomst? Guon minsken hawwe dêr noed oer, mar neffens oaren hoege we dêr net oer yn te sitten. Salang't skriuwers ús noch meinimme yn harren fantasy en salang't oaren dêr mar mei entûsjasme oer fertelle, is dat gjin punt. Ien fan dy entûsjaste fertellers is Ronnie Terpstra fan Mantgum. As boekferkeaper by Van der Velde yn Ljouwert, mar mear noch as panellid yn it tillevyzjeprogramma De Wereld Draait Door. Want as Ronnie Terpstra in favoryt boek besprekt, dan wolle je dat gewoan lêze. It Buro socht de boekeman op om út te finen wêr't dy fassinaasje foar boeken weikomt en wat er sels thús yn de boekekast te stean hat.

De minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsjes fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: Opromje.
http://www.nykdev.nl/

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)