Buro de Vries fan 5 augustus 2012

  • Spiler wurdt laden

Dizze simmer is it Buro oan it eilân 'hoppen'. Net de fakânsje-eilannen yn it Waad, mar de lytsere, ûnbekende eilantsjes yn de binnenwetters fan ús provinsje. Hjoed in eilantsje dat driget te ferdwinen...
Ut it argyf dizze simmer in harkspul .....
En fansels de fêste rubriken Sjouke Lousma ûnderweis en YM troch Cor Waringa.

De twadde oere sitte we wer yn Sweden. We binne oankommen yn Gustavfors. De famylje Scheffer sei fjouwer jier lyn Harns farwol. Se ha it bêst nei it sin yn Sweden.

Stiennen moatte Eva Rêde!

De rekreaasjeploech fan roeiferiening Den Bealch roeit alle tongersdeis in rûntsje om Terherne. En alle kearen sjogge de acht man en ien frou hoe't it eilantsje Eva lytser en lytster wurdt, in willeaske proai fan wetter en wyn. Eva driget te ferdwinen ûnder de golven, it buoreilântsje Adam allinnich achterlittend. In rêdingsaksje is hurd nedich...

YM

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Wieger Buis

Thomas Taktyk

Wy fan it Buro binne gek op de Skandinavyske trillers en misdiedsearjes dy't tsjintwurdich hielendal 'hot' binne. Yn it rike radio-argyf fan Omrop Fryslân fûnen we ek sa'n hearlike Fryske detektive: Thomas Taktyk. Fan 't simmer stjoere we ien fan dizze harkspullen út: Goud op it Oerd. Plysjeresjersjeur Thomas Taktyk is mei syn frou op It Amelân, en dêr bart fansels fan alles. Hjoed ôflevering 1: Spul om in foto.

Underweis (1627)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Hjoed: By Nes (Akkrum) is in boer drok oan it meanen. De man is al 73 en hat greidboer west yn De Lege Geaen. Mar no is er wer begûn mei hynders, lân en in trekker.

Skilder Scheffer yn Gustavfors

Piet en Lidy Scheffer komme fan Harns. Mei har bern, Nicole en Tim kamen se fiif jier lyn nei Gustavfors. Piet is hússkilder. De measte huzen yn Sweden binne read: faluröd. De kleurstof komt fan it koperpigmint dat wûn wurdt yn de koperminen fan Falun. Genôch grûnstof, dus goedkeape ferve. Oare ferve, lykas blau, giel en wyt, is djoerder.
Piet en Lidy litte ús har 150 jier âlde hûs sjen en liede ús rûn yn de omjouwing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)